Lokaal sportakkoart Weststellingwerf lit pjutten ek bewege

maart 24, 2021 08:44 Fernijd

Mei it lokaal sportakkoart wol de gemeente Weststellingwerf sûnt ein 2019 mei ferieningen en maatskiplik belutsen partners safolle mooglik minsken mei wille bewege litte. Nettsjinsteande de fanatike start troch de ynrjochte wurkgroepen, koene troch de koroanamaatregels in protte plannen noch net útfierd wurde. Dat jildt gelokkich net foar de plannen foar de pjutten. Fjouwer pjutteopfanglokaasjes ûntfongen moandei 22 maart pakketten mei materialen en attributen.

Foto: Gemeente Weststellingwerf

Pjutten yn beweging
Wurkgroep jong fit en feardich rjochtet syn pylken op de pjutten (twa oant fjouwer jier). Dat is in wichtige tiid yn harren libben om ferskate bewegingsmooglikheden te ûnderfinen en te ûntdekken. Wurkgroeplid Jiska Clevering-Hartsuiker: “Om de bern no al yn ’e kunde komme te litten mei in breed skala oan bewegen, biede wy de earste fjouwer pjutteopfanglokaasjes fjouwer ferskillende pakketten oan. Dy hawwe we gearstald mei de tema’s: balansearjen, rinnen en springen, rôljen en krûpen en each-hân-koördinaasje. Materialen dy’t yn it pakket sitte, binne bygelyks: skippybisten, rôlplanken, krûptunnels, in balansearparkoers en in motorykmatte”. Moandei hat Doomijn Peuteropvang yn De Blesse it motorykpakket rinnen en springen krige. “Moai om te sjen hoe’t in idee no yn de praktyk werklikheid wurdt. It entûsjasme fan de bern is yn ien wurd geweldich!” By bernedeiferbliuw ’t Hummelhûs wie ek grutte tefredenheid. “Wat in tige goed inisjatyf! Dêr meitsje we de bern echt bliid mei.” De pakketten rûlearje dêrnei oer de hiele gemeente. As de koroanamaatregels it wer talitte, kin ek in gastdosint ynset wurde foar bygelyks pjuttedûns.

Mear wurkgroepen yn aksje
It ôfrûne koroanajier is der ek troch oare wurkgroepen in sterke basis foar de takomst lein en binne plannen fierder konkretisearre. De wurkgroep fitale sportoanbieders ynventarisearre by de sportferieningen hokker leden of treners yn ’e beneaming komme kinne foar in algemiene en sporttechnyske oplieding. No wurdt sjoen oft úteinset wurde kin mei in digitale start fan de oplieding. Uteinlik om dat binnen de dan jildende maatregels fierder út te wreidzjen.

De wurkgroep ynklusyf sporten siet yn in útdaagjende situaasje. Der wiene ideeën om in protte minsken byinoar te bringen en yn ’e kunde komme te litten mei ferskate sporten en ferieningen yn Weststellingwerf. Troch de koroanamaatregels koe dat plan net trochgean. De wurkgroep tinkt nei oer oare (koroanaferantwurde) mooglikheden, sadat yn 2021 mear minsken yn beweging komme.

Oanmelde by it lokaal sportakkoart
It lokaal sportakkoart bestiet al út in protte motivearre minsken. Mar mear ideeën en plannen om ynwenners yn beweging te krijen binne wolkom. Soarchynstellingen, frijwilligersorganisaasjes, ferieningen kinne har oanmelde fia info@weststellingwerf.nl.

maart 24, 2021 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.