LIET 2020+1: finale Frysk sjongfestival giet troch

maart 9, 2021 08:25

Stifting LIET ’91 organisearret op 3 april foar de 29e kear it Frysktalige sjongfestival Liet: in wedstriid foar it bêste orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. De edysje stie earst op de aginda foar novimber 2020, mar koe doe net trochgean fanwege de koroanabeheinings. De finale krijt as namme LIET 2020+1. 

Foto: LIET

It wurdt in bysûndere edysje yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, want foar it earst is der gjin publyk by. Dat hat ek alles te krijen mei de koroanamaatregels dy’t noch jilde. Dochs hoege leafhawwers fan it Fryske liet neat te missen, want Omrop Fryslân stjoert it festival online en op telefyzje live út.

It sjongfestival krijt in ôfwikseljend programma. De acht finalisten, dy’t har ferline jier al kwalifisearren, dogge mei foar de Tekstpriis en de Sjuerypriis. De finalisten binne Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text. Fierder bringt Liet it suksesfolle crossover-programma, dêr’t bekende artysten yn duo’s selsskreaune nagelnije Frysktalige komposysjes foar it earst yn útfiere. De duo’s dy’t optrede sille yn de finale binne Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & Dina en Huub Prins & Bobby Choco.

Foto: LIET

Stifting LIET’91 
Stifting LIET’91 is de inisjator fan sawol Liet as Liet International. Al organisearret de stifting yn april Liet foar de 29e kear, de haaddoelstelling is noch altyd aktueel: LIET stiet foar de befoardering fan it Frysktalige liet, it stimulearjen fan nij en kwalitatyf goed Frysktalich repertoire en it safolle mooglik útfieren dêrfan. De organisaasje wol mei beide fuotten yn de Fryske muzykwrâld stean. Sjoen de bekendheid fan LIET en de entûsjaste reaksjes dy’t it festival opropt, is dat noch altyd sa. It festival stimulearret ek in jonge generaasje om syn memmetaal te brûken yn de muzyk, dêr’t gjin inkelde muzykstyl by mijd wurdt.

maart 9, 2021 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.