Leo Blokhuis dûkt yn sechtich jier popmuzyk

maart 3, 2021 09:41

Yn it nije tv-muzykprogramma Blokhuis Extra dûkt Leo Blokhuis yn sawat sechtich jier popmuzyk. Dat docht er hieltyd oan ’e hân fan in tema: tink oan in artyst en in spesifyk part fan syn of har oeuvre, in popjier, in subsjenre, in festival of, lykas yn de earste ôflevering fan de searje, in jubilearjend label. It programma is in fuortsetting fan NPO Radio 2 presenteert….

Ofbylding: NTR

Yn de earste ôflevering fan Blokhuis Extra set Leo de grutste hits op in rige fan de yllustere Nederlânske platemaatskippij Excelsior Recordings. Fan Johan, Tim Knol en De Staat oant en mei Michelle David, Triggerfinger en Danny Vera. It labet bestiet yn 2021 25 jier en is oprjochte om de nije plaat fan it labelleaze Daryll-Anna útbringe te kinnen. Hoe’t dat krekt sit, fertelt Leo yn Blokhuis Extra: 25 jaar Excelsior. Op 16 maart sil er stilstean by it fenomeen Nederdisco.

Besjoch de earste útstjoering hjir online.

NPO 2 extra
Op NPO 2 extra binne non-stop dokumintêres, films, drama, klassyk, keunst, literatuer, pop/jazz/world, teäter en dûns te besjen. NPO 2 extra is te sjen op kanaal 88 (KNP/XS4all/Telfor) of kanaal 222 (Ziggo) en online: www.npostart.nl/npo2extra.

maart 3, 2021 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.