Kultuerfûns Fryslân stipet 23 kultuer- en natuerprojekten

maart 14, 2021 08:56

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat yn it earste fearnsjier fan 2021 oan 23 kultuer- en natuerprojekten in finansjele bydrage tasein. It giet om in bydrage fan yn totaal € 60.720.

It is yn elts fearnsjier mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen. De kritearia dêr’t in oanfraach oan foldwaan moat, binne te finen op de webside fan it Kultuerfûns. Hjirûnder wurde in stikmannich takenningen taljochte. De folsleine list mei takenningen út de earste omgong is te finen op: www.cultuurfonds.nl/fryslân.

Dûnsproduksje De Molkwei
Stichting De Beweging ûntfangt € 2.570 foar de dûnsproduksje De Molkwei, in meidûnsfoarstelling foar beukers op de pleats oer kij en molke. Troch middel fan fielen, hearren, rûken, priuwen en sjen, leare beukers wat der op in buorkerij bart.

Projekt Wetterrûte Flylân
Stichting Lab Flylân ûntfangt € 5.000 foar it projekt Wetterrûte Flylân. De fyts-, kuier- en hurdrinrûte fan fjirtjin kilometer fertelt it ferhaal fan de natuerlike wetteromrin op Flylân. It projekt lit sjen dat Flylân hielendal selsfoarsjennend is wat drinkwetter oangiet.

Livestreamkonsert Met de Mattheüs
Stichting Passie voor de Kunst kriget € 1.500 foar it livestreamkonsert Met de Mattheüs by de staasjes fan Sint-Nyk lâns. Musisy fan it Nationaal Symfonisch Kamerorkest en fjouwer profesjonele sjongsolisten litte in ynkoarte ferzje fan de Mattheüs-Passion fan Bach hearre. Dêrby wurde de prachtich skildere staasjes fan de krúswei yn de roomske tsjerke yn Sint-Nyk op in bysûndere wize yn byld brocht.

Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns bringt minsken, wrâlden en ideeën byinoar om kultuer en natuer libje te litten. Tanksij de bydragen, fûnsen en prizen ûntstean nije kulturele inisjativen en wurdt kultureel erfgoed behâlden. Dat wurdt dien mei skinkers en makkers, leafhawwers en eksperts, betinkers en beskermers. En mei de bydragen fan de BankGiro Lotterij, de Nederlânske Lotterij en fan alle donateurs. It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielingen.

www.cultuurfonds.nl

maart 14, 2021 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.