“Koroanafirus bestiet mooglik al sûnt oktober 2019”

maart 21, 2021 08:52 Fernijd

Neffens in Amerikaanske stúdzje is it mooglik dat it Covid-19-firus al moannen foar de earste publyklik bekende besmetting rûngie. Undersikers kombinearren ferskate rekkenmodellen en berekkenen sa mei weromwurkjende krêft hoe’t it firus him mutearre en wêr’t it foar it earst opdûkte. Op basis fan de berekkeningen konkludearje se dat it firus nei alle gedachten al tusken oktober en novimber 2019 ûntstien is.

Foto: pixabay.com

De earste grutte útbraak fan it koroanafirus wurdt yn ferbân brocht mei in merk yn libbene bisten yn Wuhan, Sina, ein desimber 2019. “It is lykwols ûnwierskynlik dat dy merk it begjin fan de pandemy markearre, om’t Covid-19-gefallen fan begjin desimber ôf gjin ferbân mear mei de merk holden”, skriuwe de ûndersikers yn de stúdzje.

De wittenskippers fan de Universiteit fan Kalifornië en de Universiteit fan Arizona presintearren harren resultaten yn it tydskrift Science.

maart 21, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.