Koroana sit taalwet foar Noard-Ierlân yn it paad
Resint ferskynd

Noard-Ierlân (donkergrien) yn it Feriene Keninkryk (grien)
Hoewol’t der al sûnt begjin 2020 in wetsûntwerp leit, liket it derop dat Noard-Ierlân de kommende jierren gjin taalwet krijt. Dat hat by Ierske taalbewegingsorganisaasjes foar in protte argewaasje soarge. Neffens de oerheid is it opûnthâld it gefolch fan de koroanakrisis.
Noard-Ierlân is diel fan it Feriene Keninkryk. Oars as yn Ierlân is de taalstriid der tige polityk. Britsksinnige, protestantske ynwenners sjogge de Ierske taal gauris as in utering fan de winsk om Noard-Ierlân by de Ierske Republyk yn te liivjen en as in symboal fan ’e katoliken.
De nije taalwet moat de lykberjochtiging fan beide talen wat tichterby bringe. Oerheden soene tsjinsten twatalich oanbiede moatte, ferkearsbuorden soene twatalich wurde en der soe, lykas yn Wales, in taalkommissaris komme moatte om it taalbelied te stjoeren en op te kommen foar de belangen fan ’e Iersktaligen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje