Kornysk wurdt hieltyd mear in nasjonale identiteit

maart 12, 2021 16:37

By de folkstelling fan 2001 joegen 37 tûzen ynwenners fan it Feriene Keninkryk by ‘nasjonaliteit’ ‘Kornysk’ oan. Dat is bysûnder, want dat is net ien fan ‘e foarprinte opsjes: minsken dy’t soks dogge, moatte by de opsjes ‘oars, nammentlik:’ sels ‘Kornysk’ opskriuwe.

Tsien jier letter wie it tal minsken dy’t in Kornyske nasjonaliteit oanjoegen mear as ferdûbele nei 80 tûzen. Nei alle gedachten komt dat mei trochdat de Kornyske beweging in soad yn it nijs is. It Kornysk, de oarspronklike taal fan Cornwall, wie útstoarn, mar wurdt wilens wer troch tûzenen minsken praat. Der binne sels wer memmetaalpraters.

Dit jier is der wer in folkstelling yn it Feriene Keninkryk. Dielname is ferplichte en wa’t net meidocht of wat ûnwiers ynfollet, kin in swiere jildboete ferwachtsje. De ferwachting is dan ek dat in soad minsken fannijs oanjaan sille dat se har ta Kornyske naasje rekkenje. It helpt dat de Kornyske oerheid de ynwenners fan Cornwall, it thúsgebiet fan de Kornyske naasje, syn ynwenners derta opropt om de Kornyske nasjonaliteit oan te jaan. Fierders hat Pete Benton oankundige dat er sels ‘Kornysk’ as nasjonaliteit oanjaan sil. Benton is de direkteur fan de Britske oerheidsorganisaasje ONS, dy’t de folkstelling organisearret.

De ONS hat tasein dat der, lykas foar in protte oare nasjonaliteiten, dit jier in apart ferslach komt oer de gearstalling fan de befolking mei in Kornyske nasjonaliteit.

maart 12, 2021 16:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.