Komeedzje ‘Frasier’ komt werom op Amerikaanske telefyzje

maart 1, 2021 08:55 Fernijd

De Amerikaanske stjoerder CBS sil in ferfolch meitsje op Frasier, de suksesfolle telefyzjesearje oer de aventoeren fan de snobistyske psychiater mei syn eigen radiosjo. Kelsey Grammer spilet wer de haadrol as dr. Frasier Crane.

Frasier (foto: Wikipedia/US Treasury Dept. – publyk domein)

Frasier waard earder útstjoerd tusken 1993 en 2004. De komeedzje wûn mar leafst 37 Emmy Awards en wie ek yn Nederlân te sjen. Frasier begûn yn 1993 as ôflate searje fan Cheers. De nije searje wurdt útstjoerd op de betelle stjoerder Paramount+. Wannear’t de earste útstjoering plend stiet, is noch net dúdlik.

De lêste jierren krigen mear Amerikaanske searjes út de njoggentiger jierren in ferfolch, lykas Will & Grace en Roseanne. Sex and the City komt ek werom op it skerm, sa waard yn jannewaris buorkundich makke.

maart 1, 2021 08:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.