Kletterdei (gedicht)

maart 20, 2021 09:30 Fernijd

Drylts Fontein. Foto © Aant Mulder

Kletterdei 

Hjoed is de dei
dat we de maitiid fiere

dat de kranen wer iepenset wurde
fan de alve fonteinen
op it plak dêr’t fan âlds
de linebeam stie

Symboalys it stek
fan byinoar kommen
de rûmte yn ‘e midden
dêr’t elkenien –

freon en tsjinspiler
folk fan allerhanne slach
fan oer lân en oer wetter
oer dún en oer dyk
út stêd en omkriten

ek yn tiden fan dining

– syn gedachten frijút
farre litte mei

Nyk de Vries | Dichter fan Fryslân

maart 20, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.