Kletterdei: in oade oan de alve fonteinen

maart 18, 2021 08:49 Fernijd

Sneon 20 maart meie de alve fonteinten fan Fryslân wer kletterje. Mei Ljouwert-Fryslân 2018, kulturele haadstêd fan Europa, ferriken alve ynternasjonaal renommearre keunstners de alve Fryske kultuerhistoaryske stêden mei unike wetterwurken. It keunstprojekt 11fountains wurdt no al sjoen as kultureel erfgoed fan Fryslân. Maitiids, op Kletterdei, wurde de fonteinen wer foar it nije seizoen oanset en dan sierje dize, iis, stoom en seewetter de kreaasjes opnij.

‘De Walfisk’ yn Harns (foto: Visit Fryslân)

‘Love’ yn Ljouwert (foto: Visit Fryslân)

Dichter fan Fryslân bringt oade
It jierliks oansetten fan de fonteinen is in feestlik momint. Fanwege de hjoeddeiske maatregels kinne der spitigernôch gjin taskôgers oanwêzich wêze. Om it dochs te fieren giet op 20 maart om 9.00 oere in fideo live op www.friesland.nl/11fountains, dêr’t de keunstwurken dochs noch foar in breed publyk yn te bewûnderjen binne. Dichter fan Fryslân Nyk de Vries skreau spesjaal foar de alve fonteinten in gedicht dat er yn de fideo foardraacht. Foar him binne de fonteinen in spesjaal plak. “Wat ik moai fyn, is dat it fanâlds in plak is dêr’t minsken mei ferskate ynsjoggen byinoar komme”, seit De Vries.

Untdekt de alve fonteinten mei 2Discover
Foarige simmer waarden de 11fonteintekuierrûtes yntrodusearre. Dy liede de minsken yn in middei by de alve trekpleisters lâns. Nij dit jier is de opsje om op www.11fountains.2discover.nl ekstra ynformaasje te ferkrijen oer de keunstwurken, de stêden dêr’t se yn steane en hoarekasaken dêr. It is net nedich om in app del te heljen. Fan april ôf wurdt men troch de keppeling (link) en QR-koade op de ynformaasjebuorden by de fonteinen streekrjocht nei de online omjouwing stjoerd. Dat kin yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

maart 18, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.