Keunsthûs SYB dochs yn regeling ‘Keunstpoadia Basis’

maart 11, 2021 08:42

Foto: Keunsthûs SYB

Yn septimber 2020 foel Keunsthûs SYB yn Beetstersweach bûten de boat doe’t it Mondriaanfonds yn it ramt fan de regeling Keunstpoadia Basis it beskikbere subsydzjejild omparte. De beoardieling wie ‘posityf advys sûnder takenning’. SYB hat dêrop in ynhâldlik beswier by it fûns yntsjinne. Dat waard woegen en grûndearre ferklearre. Keunsthûs SYB ûntfangt foar 2021 en 2022 dêrom no dochs noch in bydrage fan 220.000 euro.

Mei troch de fjouwerjierrige bydrage fan de Provinsje Fryslân kin SYB ynvestearje yn de organisaasje en trochgean mei it fasilitearjen en dielen fan it ûndersyk en eksperimint fan keunstners.

Yn 2021 en 2022 binne de residinten yn SYB ûnder oaren: Janne van Gilst; Sol Archer; Charlotte Mumm; Lotte van der Woude; Sanne Kabalt; Inge Meijer; Liza Prins; Annebelle Binnerts & Bart Lunenburg; Steven Jouwersma; Caz Egelie en Jesse Strikwerda; en Carmen Schabracq.

maart 11, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

Share
Pin
Tweet
Share