Kamp Mora 2
Resint ferskynd
Wylst wy ús op dit stuit drok meitsje oer koroana, faksinaasjes en ferkiezingen, binne yn ús provinsje in soad minsken, mar ek skoallen en ferieningen, warber om poppen fan tûken en klean te meitsjen.
Doel: foar 22 maart safolle poppen fandele te hawwen as der allinnichsteande bern yn de Grykse kampen ferbliuwe, nammentlik sa’n 4222. It soe moai wêze as dat oantal makke en helle wurdt en dan lang om let op oankommende 2 april yn it kamp Mora 2 steane.
It hat gjin hege prioriteit by de polityk en it is ek gjin ferkiezingstema, dat op dizze wize docht it gjin fertuten. Lokkich binne der trije inisjatyfnimmers dy’t dy aksje opstart hawwe fanwege de erbarmlike omstannichheden foar de bern en oare minsken dêr. Uteinlik sille klean jûn wurde oan de bern. Fansels helpt it as in drip wetter op in gleone stien.
It probleem mei jildaksjes is dat it jild net altyd op it goeie plak telâne komt. Hooplik komt it efterlizzend boadskip wol oan by de polityk en ea by it nije kabinet. Want dat der wat barre moat is foar mannichien dúdlik.
Ynformaasje fia www.kampmorra.nl
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje