Jûchhei, der is in kealtsje berne

maart 22, 2021 09:18

Dolsterhuzen – De lânbou yn Nederlân heart by de top fan de wrâld. Nederlân is in lyts lân en hat oer de hiele wrâld in grutte ferantwurdlikens foar de itensfoarsjenning. De boer sjocht dat as syn grutte ferantwurdlikheid en as in grutte útdaging. Foar dy útdaging stean de Nederlânske boeren al generaasjes lang.

Foto: Boerderijrecreatie

Mear as hûndert jier lyn stiene harren foarâlden al foar duorsumens. Dat is te finen yn âlde dokuminten. Alle tiden hawwe eigen útdagingen. Nederlân is lyts en it is de útdaging om as boeren draachflak foar de lânbou en de kij te hâlden.

Jûchhei, der is in kealtsje berne! It is no mooglik om op de boerepleats de berte fan in kealtsje te sjen. It begjin fan nij libben en de soarch fan de ko foar it keal. Alle kearen as in ko kealje moat, kin in lyts groepke komme om dat te belibjen. In lyts groepke, want it ôfkealjen mei net fersteurd wurde. Net eltse ko is deselde, de iene ko fynt taskôgers bêst, mar de oare wol mear privacy.

Troch it meitsjen fan in Whatsapp-groep wurdt elkenien op ’e hichte brocht. Oanmelde kin fia telefoannûmer 06 – 1001 8683 of de webside Boerderijrecreatie. Under fermelding fan: ‘Jûchhei, der is in kealtsje berne’/‘Hiep Hiep Hoera, er is in kalfje geboren’ en it eigen telefoannûmer. Elkenien is wolkom om dy ûnderfining te belibjen.

Foto: Boerderijrecreatie

maart 22, 2021 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.