Jonge muzikanten meitsje fan keunst út it Frysk Museum in liet
Resint ferskynd
- Minister Van Engelshoven iepenet Nasjonale Museumwike yn Grinzer Museum 0
- Fryslân DOK: 210 Joadske smokkelbern yn Fryslân 0
- Set in hantekening foar “it behâld fan de eigenheid fan regio’s” 1
- Nije webside mei oarlochsskriften lansearre op Fryske Befrijingsdei 0
- Omrop Fryslân fiert en betinkt 75+1 jier frijheid 0
Hoe klinkt in ets fan Escher of wat is de soundtrack fan Mata Hari’s dûnskostúm? Art Rocks bringt al fiif edysjes lang jongerein en keunst suksesfol byinoar, troch middel fan muzyk.
De kompetysje daget muzikanten út om in muzikale fertaling fan in keunstwurk te meitsjen. Ien fan de fjirtjin dielnimmende musea is it Frysk Museum. Muzikanten koene ôfrûne hjerst kieze út sân keunstwurken of histoaryske objekten út de kolleksje fan it museum. Ut goed 35 ynstjoeringen waarden der seis foar de heale finale keazen. Op 27 april wurdt bekend oft it Frysk Museum mei in nûmer de grutte lanlike finale op 8 maaie hellet, te sjen om 23.30 oere op NPO 3.
Ut de fjirtjin museumomgongen kiest de sjuery sân finalisten foar de finale yn Paradiso. De achtste finalist wurdt troch publyksstimmen keazen. Der kin noch oant 1 april stimd wurde op ien fan de dielnimmers út de museumomgongen. Foar it Frysk Museum meitsje noch seis ynstjoeringen gading nei in finaleplak. De ynstjoeringen ferskille tige: fan in hiphopnûmer basearre op Eschers ‘Dag en Nacht’ oant in gefoelich liet, ynspirearre troch it kollaazjekeunstwurk ‘Thabiso en Tshepiso’ fan de Súd-Afrikaanske Neo Matloga. Twa nûmers basearre op de bysûndere gesichtskonstruksje by it beamkistegrêf fan Hegebeintum hellen ek de heale finale.
Besjoch alle ynstjoeringen út it Frysk Museum op de webside fan Art Rocks. It Frysk Museum stiet sintraal yn de heale finale op 27 april om 20.00 oere. Te sjen fia de webside fan Art Rocks of it NPO 2 Extra kanaal.
Finale
Op 8 maaie stride acht finalisten om de titel yn Paradiso. Yn de finale kriget de sjogger in blik efter de skermen. Wa binne de dielnimmers en hoe riede sy har op de finale ta? Dat is op 8 maaie fan 23.30 oere ôf te sjen op NPO 3. De presintaasje is yn hannen fan Cesar Majorana en Dzlfa Kusenuh. Yn de sjuery sitte ûnder oaren de ambassadeurs Sef, S10 en Kovacs. De winner fan Art Rocks kriget in moai prizepakket mei in jildpriis fan € 1000 en studiotiid yn de Wisseloord Studio’s.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje