Johan Veenstra beneamd ta eareboarger fan Weststellingwerf

maart 31, 2021 08:52 Fernijd

De gemeenteried fan Weststellingwerf hat Johan Veenstra beneamd ta eareboarger fan Weststellingwerf. Al 50 jier skriuwt en fertelt Johan Veenstra yn de streektaal it Stellingwerfsk en tekenet hy dêryn de Weststellingwerfske identiteit en syn karakter. It eareboargerskip is in bysûnder blyk fan wurdearring foar syn wurk en ynset: Veenstra is in bûtengewoan en unyk ambassadeur foar de Stellingwerfske taal, de gemeente Weststellingwerf en syn ynwenners.

Boargemaster André van de Nadort fan Johan Veenstra (foto: Piet Bosma)

Ferrast mei beneaming eareboarger
Johan Veenstra waard yn de riedsgearkomste fan 29 maart 2021 ferrast mei syn beneaming ta eareboarger. Hy wie oanwêzich om de moanne fan de streektaal yn de riedsgearkomste ôf te sluten. Boargemaster André van de Nadort lange him de oarkonde oer mei de offisjele fermelding fan syn eareboargerskip. Op in letter momint krijt Johan Veenstra ek noch in penning en wurdt syn portretfoto tafoege oan de galerij fan eareboargers yn it gemeentehûs.

Ambassadeur foar it Stellingwerfsk en Weststellingwerf
Johan Veenstra is dit jier 75 jier wurden en wennet syn hiele libben al yn Weststellingwerf. Hy is skriuwer fan ferhalen en romans, dichter, sprekker, kollumnist, oersetter en ferteller yn it Stellingwerfsk. De ferhalen fan Veenstra sitte fol mei humor, mar taaste je ek yn it moed. Mar syn ferhalen karakterisearje ek foaral de Weststellingwerfske identiteit.

Johan Veenstra droech jierrenlang in ferhaal foar by Omrop Fryslân, ûnder de namme Stellingwarver Stiekelstokkies. En hy skriuwt kollums foar de Ljouwerter Krante. Neffens syn eigen telling hat hy 3.271 kear in sprekbeurt yn it Stellingwerfsk jûn. Veenstra hat in soad prizen wûn. Yn 2001 is er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar syn wurk yn en foar it Stellingwerfsk. Ein 2020 wûn er de Rink van de Veldepriis mei syn boek Vroeger is veurgoed veurbi’j. It wie foar it earst dat dy priis takend waard foar in boek dat yn in streektaal skreaun is.

Eareboargerskip
Mei de beneaming fan Johan Veenstra hat de gemeente Weststellingwerf no sân eareboargers. It eareboargerskip is in bysûnder blyk fan wurdearring foar persoanen dy’t in skoft mei publike erkenning bydroegen hawwe oan de Weststellingwerver mienskip en byldfoarming fan de gemeente. Veenstra slút oan yn de rige fan eareboargers. Syn foargongers binne boargemaster Remco Heite, wethâlder Arend Heida, dokter Pieter Hendrikus Brons, boargemaster Hendrik Huisman, riedslid Johannes Mooij en boargemaster Hendrik L. Dedden.

maart 31, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.