Jo kinne no sels neigean oft jo koroana hawwe

maart 31, 2021 11:58
Boarne: pixabay.com

Tenei kinne minsken yn Fryslân en oare Nederlânske provinsjes sels neigean oft se koroana hawwe. Apteken ferkeapje rûnom ark dat men brûke kin om ôf te lêzen oft it firus jin yn ‘e noas sit. Ynkoarten sille drogisten en supermerken it hifkersguod ek ferkeapje. Yn Dútslân is dat al wat langer mooglik.

It ark jout yn 84 persint fan de gefallen in korrekte útslach en is wat minder betrouber as wat de saakkundigen yn ‘e teststrjitten brûke, mar it kin jin wol in aardige wissichheid jaan as jo in soad ûnder de minsken komme. It hifkersark sil 8,95 euro kostje.

Jaap van Dissel van it RIVM wiist derop dat men net te dryst wêze moat as der gjin koroana by jin oantroffen wurdt. Hy neamt it sels in risiko as minsken dy’t te’n ûntrjochte miene dat se gjin koroana skipe hawwe, fan betinken binne dat it feilich is om deun by oaren te kommen.

Om te sjen oft jo mei koroana oanhelle binne, moatte jo wattestokjes yn ‘e beide noastergatten stekke en dêr fyftjin tellen mei troch de noas riere. Se hoege sa djip net as dat se yn de teststrjitten stutsen wurde. Dêrnei moat men de stokjes yn in buiske mei floeistof dwaan, skodzje en de ynhâld op in testplaatsje dripkje litte. Nei likernôch in kertier wurdt dan oanjûn oft jo spoaren fan it koroanafirus yn ‘e noas hiene.

maart 31, 2021 11:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.