Jild foar ûndersyk nei lânbou op sâlte grûn

maart 24, 2021 14:39

De lânbou kriget 250.000,- euro fan de provinsje Fryslân foar it projekt Swiet op Sâlt yn it Lauwersmargebiet. Undersocht wurdt op hokker wize boeren yn de noardlike klaaiskyl harren bedriuwsfiering op peil hâlde kinne, rekkening hâldend mei de fersâlting. It definitive beslút oer de bydrage nimt de provinsje neidat it Waadfûns in beslút nommen hat oer syn bydrage.

By it fersâltsjen nimt it sâltgehalte fan grûnwetter en boaiem stadichoan ta. Yn de noardlike klaaiskyl komt dat troch in kombinaasje fan de seespegelstiging en it tanimmen fan sâlte kwel yn de ûndergrûn. Yn it projekt wurdt besjoen wat de gefolgen binne foar de boaiem, de fruchtwikseling en de konkrete opbringsten. Troch it tapassen fan snoade techniken wurdt neigien hoe’t de ynfloed fan sâlt grûnwetter sa lyts mooglik wêze sil.

Deputearre Avine Fokkens is bliid mei dit lânbouinisjatief: “De fersâltingsproblematyk yn Fryslân nimt ta. De lânbousektor komt mei ynnovative oplossingen. Swiet op Sâlt is dêr in goed foarbyld fan en dêr drage wy as provinsje graach oan by.”

Ynspylje op klimaatferoaring
Der wurdt op rekkene dat troch it resultaat fan Swiet op Sâlt de lânbou yn de klaaiskyl, by de waadkust lâns, oer bettere techniken en feardichheden beskikke kin. Dêr kin mei ynspile wurde op de feroaringen fan it klimaat en de stadichoan tanimmende fersâlting. It projekt begjint dit jier en sil, nei alle gedachten, sa’n trije jier duorje. Dêrnei sil de ûnderfining en kunde dy’t opdien is, fierder útrôle wurde oer de Frysk-Grinslanner klaaiskyl.

Ynvestearringsramt Waad
Yn ’e hjerst fan 2016 hawwe de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân it Ynvestearrinsramt Waad 2016-2026 fêststeld. Dêr sette de waadprovinsjes har mei yn om mearjierrige programma’s en projekten te realisearjen. Swiet op Sâlt Lauwersmargebiet is ien fan dy projekten en kostet yn totaal € 3,6 miljoen. Yn it projekt wurkje ûnder mear lânbou-organisaasjes en wetterskippen gear.

maart 24, 2021 14:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.