Japanske miljardêr siket meireizgers foar moannemissy
Resint ferskynd
De Japanske miljardêr Yusaku Maezawa wol acht bemanningsleden meinimme op de earste beminske moannemissy fan SpaceX yn 2023. Minsken mei ferskate eftergrûnen binne wolkom, seit Maezawa yn in fideo op syn webside. Hy ûnthjit alle kosten foar syn rekken te nimmen.
SpaceX-topman Elon Musk makke yn 2018 buorkundich dat de Japanske ûndernimmer de earste moanneflecht mei Starship meitsje sil. Dat romtereau wurdt no ûntwikkele yn Teksas. Hoefolle Maezawa betelle hat foar de flecht is net bekend, mar neffens Musk giet it om “in slompe jild”.
Yn totaal sille tsien oant tolve minsken meigean op de flecht, tinkt Maezawa. De oprop jildt mar foar acht plakken oan board. Belangstellenden moatte oan twa kritearia foldwaan: hja moatte de romteflecht brûke om harren eigen wurkterrein en de hiele maatskippij foarút te helpen, en hja moatte oare bemanningsleden mei deselde beweechredenen stypje.
Woansdei die SpaceX noch in test mei prototype SN10. De raket eksplodearre lykwols nei de lâning. By testen mei SN8 en SN9 earder kaam de raket mear as tsien kilometer heech, mar gie it ek mis by de lâning. De romtereauwen kamen troch ferskate oarsaken ferkeard del en ûntploften.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje