Jabik van der Bij: Read potlead

maart 2, 2021 19:12

Skôging

Yn myn opinystik Wetten en draachflak fan okkerdeis ha ik besocht dúdlik te meitsjen dat der neffens my te folle ferwachte wurdt fan wetten en hânhâlden dêrfan as it giet om it fersterkjen fan it Frysk (mei sin brûk ik hjir net fuortsterkjen). Iuwenlang hat in brede laach fan de befolking derfoar soarge dat der noch Frysk brûkt wurdt yn Fryslân. Dat it Frysk nei de oarloch fierder ûnder druk stiet is al hast in biblioteekfol oer skreaun. Dat is nijsgjirrige lektuer, mar hiel faak wurdt ien aspekt oer de holle sjoen: wêr ha wy it eins oer as wy it oer it Frysk ha? Konkreter: is dat de taal dy’t ik by ús yn it doarp hear, foar safier’t der Frysk praat wurdt? Is dat de taal dy’t ús heit en mem my yn de Noardlike Wâlden leard ha of bedoele wy dan it akademysk Frysk lykas je dat yn wurdboeken werom fine en lykas ‘beskermers’ fine dat de skoalle dat de bern leare moat?

Ik waard nochris mei de noas op de feiten drukt doe’t ik in stikje skreau oer myn legereskoaltiid yn Wâlterswâld: skriuw ik no meester Jongsma of master Jongsma? Wy seine altyd it earste, miskien hie ik it wurdsje master wol nea (noait) heard yn de fyftiger jierren. Oer it wurd master waard letter yn myn rûnten wat lakerich dien. “Moatst dy net sa oanstelle”, wie it dan. Yn de LC (27/2) omskreau Flip van Doorn in selde ûnderfining as er syn Afûk-Frysk yn praktyk brocht. Hy neamt it in “kunstmatige taal”. Taalkundigen hoege no net te besykjen om my te fertellen hoe’t it sit mei taalnormearring en de wearde fan standerdisearring en hoe nedich oft dat is om as taal foar fol oansjoen te wurden. Dat is my allegearre bekend. Dat sprektaal en skriuwtaal net krekt itselde binne, wit ik ek al lang, mar dêr giet it my net om. Doe’t wy út Hollân werom kamen om ús yn Fryslân te setteljen waard my dúdlik makke dat myn memmetaal gjin Frysk wie. Yn elk gefal koe it net troch de beugel (bûgel). Ik ha it gefoel dat it boekefrysk en it omgongsfrysk stadichoan fierder útinoar driuwe.

Ha de taalkundigen my myn taal ôfpakt lykas Nils Langer fan de universiteit Flensburch seit? Ik ha de beide fraachpetearen mei him op It Nijs nochris opnij beharke. Se binne werom te finen op de data 2 maaie 2018 en 13 febrewaris 2021. Taal fan minsken beoardielje mei goed en fout kin neffens Langer net. Hy fergeliket it mei muzyk dêr’t je ek net fan sizze kinne dat dy goed of fout is. Taalnoarms binne fêststeld troch âldere en heech oplate minsken. Wa’t net oan dy noarm foldocht wurdt op ’e fingers tikke en te ferstean jûn dat hy/sy ferkeard oan ’e gong is. Wa’t praat as ien dy’t him net oan de foarskriften hâldt, wurdt net foar fol oansjoen. Je binne dan in jammerdearlike persoan, alteast sa wurdt dat faaks field. Je soene je skamje moatte. Op de skoallen meie se graach prate oer taalachterstannen. Dy moatte fuortwurke wurde om elkenien op it nivo fan de taal fan dy âldere heech oplate persoanen te bringen. Dy witte wat goed foar jo is. Wat je fan hûs út mei krije as bern doocht net en moat ‘genêzen’ wurde. It is/wie earder in reden foar âlden om tsjin Frysk op skoalle te wêzen. Jo eigen taal sit jin yn ’e wei om foarút te kommen yn ’e wrâld. Boppedat: je soene je eins skamje moatte dat se oan jo hearre kinne dat je in minderweardich taaltsje prate. Hiele folksstammen Friezen ha/hiene dêr lêst fan.

My bekrûpt wolris it gefoel dat striders foar it Frysk, en dêr rekkenje ik mysels ek ta, in protte Fryskpraters fan har ferfrjemdzje troch aloan mei it (figuerlike) reade potlead te driigjen. Te faak hearre je minsken sizzen: “Sorry foar myn Frysk, mar ik kin it net sa goed.” Krekt as soe de taal dy’t se fan heit en mem leard ha dik ûnfoldwaande wêze. It is krekt it gewoane folk dat it Frysk drage moat. Dy moatte wy net op ôfstân sette, mar krekt fiele litte dat har taal der ta docht en net minderweardich is. It kin dochs net sa wêze dat wy ús ynsette foar lykweardigens fan it Frysk en tagelyk sels yn ’e falle traapje troch ús provinsjegenoaten allegeduerigen de maat te nimmen? De reaksje fan oansprutsenen lit him riede. De bewegers wurde net serieus nommen mei har âldfrinzige en yn beton mitsele taal. Dêr wolle je dochs net by heare, lit stean dat je der in poat foar fersette wolle.

Ik soe der dêrom foar pleitsje wolle dat der troch ‘hoeders fan it Frysk’ wat mear mei as tsjin de taalbrûkers yn ús provinsje praat wurdt oer har taal en har tinken oer taal. Sûnder harren kin it net. Dat slagget yn elts gefal it espeltsje bewegers mei in sekfol wetten net. De opfettingen fan de Noard-Fries Nils Langer oer purisme, diskriminaasje, taaldelgong, de rol fan de skreaune taal en taalûnderwiis kinne in goede oanset wêze ta sa’n dialooch.

maart 2, 2021 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.