Jabik van der Bij: Omtzigt fertsjinnet it

maart 15, 2021 19:24

Skôging

Fan ’e wike kinne wy de leden fan de nije Twadde Keamer kieze. Dat is foar in protte minsken in hiele toer. It tal swevende kiezers hat noch net faak sa heech west en in protte witte no’t de stimburo’s al iepen binne noch net op wa’t se stimme sille. Mei safolle partijen falt dat ek net ta. Grutte fraach is wat der skielk fan alle skoane tasizzingen oerbliuwt as de blauwe stuoltsjes beset binne. Je moatte it mar ôfwachtsje, of dochs net hielendal. Der binne keamerleden dy’t al in skiednis ha yn it parlemint. Fan harren witte we wat we fan harren ferwachtsje kinne en ha wy sjoen wat se wier makke ha fan har taak.

Der is ien dy’t fûl yn de skynwerpers stiet. Pieter Omzigt hat sjen litten wat de kearntaak fan in keamerlid is: njonken it goedkarren fan wetten is dat it kontrolearjen fan it regear. Hy hat al hiel wat kearen sjen litten dat er dy taak earnstich nimt, net allinne yn Nederlân, mar ek op Europeesk nivo. Hy lit him net ûndersnije troch partijpolityk en -dissipline. Hy docht wêr’t er foar oannommen is, ek al kriget er út de eigen partij gjin inkelde stipe of sterker: wurdt er troch de partijtop tsjinwurke. Omtzigt lit sjen dat demokrasy allinne mar wurket as der de skieding tusken regear en parlemint yn praktyk brocht wurdt. Dat is in drege opdracht, omdat Twadde Keamerleden opbokse moatte tsjin machtige ministearjes. Yn de talagesaak wie kear op kear te sjen dat dy tredde macht fan amtners keamerleden oanhâldend de foet dwers sette kinne troch dokuminten dêr’t om frege is mei alle mooglike ferlechjes net te leverjen of krúsjale teksten swart te kleurjen. Om dan fol te hâlden, dat freget moed en dy soe troch de kiezers beleanne wurde moatte.

Wa’t dan it hokje by Omtzigt read meitsje wol moat wol beseffe dat er/se Wopke Hoekstra en it rjochts oriïntearre CDA der fergees by kriget. Dan wurdt it lestich, want Wopke hat de lêste dagen net sjen litten dat er syn saakjes goed foarinoar hat. It liket faak dat er yn in oare wrâld libbet, fier ôf fan it deistich libben. Om it wat eigentiidsk te sizzen: hy libbet wat yn de bobbel fan de yntellektuele elite. Yn de praatprogramma’s hat it der faak fan dat er syn eigen partijsaakjes net goed ûnder de knibbel hat en mei in grutte omhaal fan wurden besiket om ûnder de fraach út te kommen. De útglider mei de WW stiet kilometers fier ôf fan de werklikheid fan de gewoane minsken dy’t om wat foar reden dan ek wurkleas wurden binne. Dat ivige geseur oer maatregels om minsken oan te fiterjen wurk te sykjen as se dat kwyt rekke binne, makket lju dy’t har de fingers blau skriuwe en mar net oan ’e bak komme like fertocht as de lju dy’t fuortset waarden as fraudeurs. Nee, fan it CDA hoege je gjin begryp te ferwachtsjen, ek al kinne se dat noch sa kreas yn har program sette.

Sa sit men as kiezer yn in dilemma en dy dogge har op in hiele protte oare plakken ek foar. Is it in wûnder dat de measten har kar salang mooglik útstelle of it mar hielendal sitte litte?

maart 15, 2021 19:24
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Sybrens maart 17, 17:30

    In nij kiesstelsel is it enige wat mear Omtzigten yn de Kamer krijje sil

  2. de Jong maart 17, 17:31

    Allinich Omtzigt neamme is wat te goedkeap om CDA te meitsjen. Neam dan ek Renske Leijten fan SP, dy hat har likefolle ynset foar dizze saak.

  3. Jaap maart 20, 17:44

    Dat lêste is wier, De Jong, mar Omtzigt moast it dwaan as lid fan in fraksje dy’t it kabinet optúgd hie. Dat freget moed en de kop der foar hâlde.

  4. De Jong maart 24, 19:35

    It jout altyd moed om troch te setten, dan makket it neat út of jo by de opposysje hearre of de koalysje . It is opkommen foar in rjochtfeardige saak. It hie Jaap past beide nammen te neamen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.