It húske (ferhaal)

maart 6, 2021 09:44

Foto © Janke Mulder

Healwei de foarige iuw en earder seagen je by in soad minsken in houten húske fan ien fjouwerkante meter op de tún stean. By de boerepleatsen stie it húske meastal boppe de jarrekolk, dêr’t de bûthúsgroppe op útrûn. As men dêr winterdeis op siet en it frear, wie dat in besiking, want it siigde jin nochal wat om ’e kont; by mear as tsien graden froast hiene de manlju soms iispegels oan ’e lytse man hingjen. Dêrom kamen de measten dan net fierder as it bûthús en giene se tusken de kij stean of sitten.

By in boargerhûs siet it húske faak yn it efterhûs. Der wiene ek wol guon dy’t it húske boppe in sleat of de feart hiene. As men dêr op it húske siet, hie men de folle laach fan de wyn. Mar it joech net folle wurk, want de loarten streamden wol fuort.

Yn de doarpen kaam alle wiken de tontsjesauto del, it folle tontsje waard ophelle en dêr kaam dan in legenien foar yn it plak. Dat wie in smoarch baantsje. Dy ophellers hiene in learen strook fan de nekke út oer it skouder. As de tontsjes oan ’e folle kant wiene, koe it har net by de nekke ynrinne.

Yn it bûtengebied kaam de ynhâld meast oer de tún. Dat waard dan brulloftsjen neamd. It barde meast as it al skimerich wie. Dat koe fansels allinne mar yn de winter; fierder makken se der in dongbult fan mei wat strie dertroch. Maitiids waard dan de tún omkeard.

De húskes wiene meast 1,80 m heech en yn de doar siet in hertsje, dan koe men it hear ûnder it wurk ek noch efkes oersjen. Oan de binnenkant fan de doar siet hast altyd in heakje, mar hiel faak wie dat stikken. Dan waard der meastal songen, sadat in oar hearre koe dat it húske beset wie. Der wiene ek genôch dy’t de doar iepen lieten en dan noasken se wat yn de âlde kranten om dy’t as skytpapier brûkt waarden. It gewoane folk hie de Hepkema foar dat doel, de boargers meast de Ljouwerter. Dy hie wat djoerder papier en dêr sieten de letters mear boppe-op, sadat se mear ôfjoegen. Se seine dan wol dat dy de letters yn de kont krigen.

Ik kaam noch in aardige anekdoate tsjin, oer de bril.
In boerinne seit tsjin har man: “Do moast de bril yn it húske ris neisjen.”
De boer sjocht dernei en seit: “Ik sjoch neat. Wat is der mis mei?”
“Stek dyn holle dan ris yn it skytgat”, seit de boerinne.
De boer, dy’t in burd hat, docht dat, mar as er de holle weromlûke wol, sit syn burd fêst yn in spleet. “Frou, help my”, ropt er.
“Dat docht ferrekte sear, hè”, seit de boerinne.

Jangerben

Foto: Janke Mulder

maart 6, 2021 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.