It fideodeiboek fan Anne Frank

maart 12, 2021 08:51 Fernijd

Elkenien ken Anne Frank, it Joadske famke dat yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast om oan de nazi’s te ûntkommen. It deiboek dat se yn har ûnderdûkerstiid byhold is wrâldferneamd. Stel, Anne hie gjin deiboek, mar in fideokamera, dan hie se it libben yn it skûlplak fêstlizze kinnen yn in fideodeiboek. Dát deiboek is fan 28 maart ôf sjen op NPO Zapp. Yn in searje fan acht ôfleveringen dielt Anne Frank har libben, tinzen en gefoelens yn it Efterhûs en de moannen nei har arrestaasje.

Foto: ©Anne Frank Stichting/Ray van der Bas

Op 28 maart komt de NTR yn gearwurking mei de Anne Frank Stichting en Every Media mei in telefyzjebewurking fan in YouTube-searje basearre op it deiboek fan Anne Frank. Dy YouTube-searje waard lansearre yn maart 2020 en einiget op it momint dat Anne (spile troch Luna Cruz Perez) en de oare ûnderdûkers op 4 augustus 1944 arrestearre waarden. De searje fan NTR hat boppedat trije nije ôfleveringen oer de perioade nei 4 augustus 1944.

Yn de lêste trije dielen, dy’t útstjoerd wurde om 4 en 5 maaie hinne, filmet Anne net mear, mar wurdt se filme as se yn tinzen weromsjocht op de lêste seis moanne fan har libben yn de kampen. Men sjocht Anne net sels, men sjocht troch har eagen nei Margot (spile troch Shai Eschel) en wat der om har hinne bart. Anne’s lêste moannen wiene in oanienskeakeling fan ellinde, fernederingen, sykte en dea. Op basis fan boarnen en tsûgeferklearringen is it in ynterpretaasje fan it ferhaal sa’t Anne dat ferteld hawwe kinnen soe.

De lêste ôfleveringen binne basearre op it boek Na het Achterhuis fan Bas von Benda-Beckmann.

Utstjoering: fan 28 maart ôf alle sneinen om 18.45 oere by de NTR op NPO Zapp.

Foto: ©Meis & Jip/Anne Frank Stichting

maart 12, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.