It alternatyf foar útgean yn Ljouwert: ‘Thúsgean’
Resint ferskynd
Ferskate útgeansgelegenheden steane fan ’e wike alwer in jier leech. In soad jongelju hawwe in jier lang gjin feest fiere kinnen sa’t se dat wend wiene. Studinten sieten hiele dagen yn ’e hûs sûnder útsjoch op fermeits. Se brûkten harren keammerkes net allinne as sliep- en wenkeamer, mar ek as kolleezjeseal, kroech en biblioteek. Wurknimmers misten alle dagen it gesellige kofjeskoft, holden moetingen fia Zoom en seagen allinne mar har eigen noartske spegelbyld.
Freedtejûn wurdt dat oars. Makkerskollektyf Mandarijn wol earstejiersstudinten sjen litte hoe oantreklik oft stappen yn Ljouwert is. Dat hawwe se ommers noch net echt meimeitsje kinnen. Mar de fêste stappers fan it Ruterskertier wolle se ek wer efkes it (hast) nostalgyske gefoel fan losgean yn Ljouwert jaan. Opinoar plakte beswitte liven, dat wurdt ’m dus noch net, mar wol de kleurige lampen, it hapke nei de tiid, en foaral de muzyk, fine harren wei nei de studintekeamer.
Yn gearwurking mei Neushoorn, Shotjesbar Bebida’s, Ytkafee Het Leven en Feestkafee Shooters organisearret Mandarijn op freed 12 maart fan 21.00 oere ôf in online stappersjûn. Sa sille ferskate dj’s út it Ljouwerter stapperslibben fia in livestream in optreden jaan. Dêr wurkje ûnder mear Robin Roij, Michael Fortera, Mr. Ferd, Winston Black, Ricardo Silvio en it ALARM! dj-team oan mei. Fierder krije alle dielnimmers in pakket mei û.o. diskolampen, spultsjes, hapkes en oare lekkere dingen.
Mear ynformaasje en tickets binne te finen fia de webside fan Neushoorn: www.neushoorn.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje