In libben mei de kwaliteit fan de ivichheid 

maart 21, 2021 06:29

Oertinking

Nei’t Annemarie Tausch siik rekke troch kanker, hat se mei har man Reinhard wraksele mei de dea. Dêr skriuwt se oer yn in boek Gespräche gegen die Angst (Petearen tsjin de eangst). Mei wol fjouwerhûndert ‘sûne’ minsken hat se neitocht oer de dea. Dêr lêze wy oer yn it boek Sanftes Sterben dat as ûndertitel hat: ‘Wat de dea foar it libben betsjut’. Yn dat neitinken oer de dea waard oan ‘sûne’ minsken frege om harren yn te tinken dat se meikoarten stjerre soene. Ien fan de fragen wie, wat se yn de tiid dy’t se noch hiene, dwaan woene. It antwurd wie steefêst: “Mear leafhawwe.” Ynvestearje yn relaasjes dus.

Sa’n bewust libben, dêr’t leafde de toan oanjout, hjit yn it Johannesevangeelje ‘ivich libben’. Dat is net allinne it libben nei de dea, dat ek, mar it is alderearst it ierdske libben dat Jezus minsken gunt. Wa’t syn libben beynfloedzje lit troch Jezus, “is al oergien fan de dea nei it libben” (Johannes 5:24). Dy hat ivich libben yn dizze tiid! As wy oer ‘ivich libben’ lêze by Johannes (3:15; 4:14; 6:27; 6:68; 10:28; 12:50; 17:2; 1 Joh. 1:1), moatte wy dat goed foar eagen hâlde. Dr. Dingemans hat it moai ûnder wurden brocht:

“De klam leit net op it takomstich libben fan heil, mar alles is rjochte op in nij libben hjir en no. Ivichheidslibben neamt Johannes dat: in bestindich, duorsum en dynamysk libben dat fuorre wurdt troch Gods Geast. In libben mei ivichheidskwaliteit dat ek troch de dea hinne bestean bliuwt.”

My rekke wat immen skreau: “Dea en libben binne net sa fêst as minsken op it tsjerkhôf tinke. It kin foarkomme dat dy’t begroeven is, libbet. En dat dy’t fan it grêf nei hûs rinne en sizze: It libben giet troch, eins de deaden binne.” ‘Libje’ jo en ik?

Lêze: Johannes 5:24-25

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maart 21, 2021 06:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.