In Fryske namme foar in Haachske gearkomsteromte

maart 12, 2021 15:14

Foto: ministearje fan ynlânske saken fan Nederlân

Dat Kajsa Ollongren it Frysk in waarm hert tadraacht, hie se earder al dúdlik makke: hja neamde harsels ‘minister fan Fryske saken’ en yn 2018 sei hja dat Fryskpraten yn Fryslân in rjocht is en dat soks ek normaal wêze moat. No hat hja op har ministearje in gearkomsteromte in Fryske namme jûn.

De Fryslânseal op it ministearje fan ynlânske saken hie earder de namme Frieslandzaal. Dat koe sa net bliuwe, want Fryslân is al sûnt 1997 de offisjele provinsjenamme, ek yn it Nederlânsk. Dat zaal ek ferfryske waard ta seal is in ekstraatsje. De minister ûntbleate it buordsje mei de nije namme hjoed troch der ritueel in Fryske flagge foarwei te heljen.

maart 12, 2021 15:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.