Hoe hjit de dei dat alles wer normaal is?
Resint ferskynd

Boarne: pixabay.com
Yn jannewaris fregen wy ús lêzers hoe’t de dei hjitte moat dat alles wer normaal is: de winkels wer iepen, de skoallen wer iepen, gjin jûnsklok, gjin grut gefaar om siik te wurden as jo de doar út geane. Dat der gjin needwetten mear binne, mar allinne mar wetten dy’t troch de Twadde en Earste Keamer ôfstimd binne. Dat minsken wer fûstkje, in pilske drinke yn ‘e kroech en by in oar te praten geane.
Dy fraach stelle wy no fannijs.
Der is in hantsjefol reaksjes ynkommen, mar de goede Fryske namme foar dy dei sit der neffens ús nocht net by. Dêrom wolle wy graach fan jo witte: hoe hjit dy dei fan ferromming en frijheid?
Sokke dagen dat nei it tsjuster der wer ljocht wie, ha wy mear hân: tink oan D-Day en Befrijingsdei. Hoe moat de earste dei nei de koroanakrisis hite? Lit ús dêr ris in moai Frysk wurd foar betinke, dat wy dan foar hiele Nederlân en sels Europa presintearje, mei it Frysk as taal fan ‘e hoop.
Jo foarstellen kinne oant en mei woansdei 6 jannewaris opstjoerd wurde nei ynfo@itnijs.frl of ûnder dit berjocht pleatst wurde – dus net op Facebook of Twitter, want berjochten dy’t dield wurde, kinne wy net altiten sjen of efterhelje. Tink derom dat jo in mail- of postadres opneame, dan kinne wy kontakt mei de winner opnimme.
Foar de winner ha wy in eksimplaar fan it meartalige boerdspul Euregua. Dêr kin men in soad oer Europa mei leare, fansels ek yn it Frysk. Moai salang’t de dei-dy’t-noch-gjin-namme-hat net oanbrutsen is!
De dei dat alles wer normaal is soe ik “oankrûpersdei” neame wolle. Hoe kom ik dêrby? Mei it winterwaar fan in pear wiken lyn ha ik it gedicht “Oankrûperswaar” skreaun. In dûbeld wurd yn tiden fan koroana. De dei fan it wiere oankrûperswaar kinne wy oankrûpersdei neame.
Oankrûperswaar
De tiid fan snie en fan mei redens op it iis
Minsken ha wille en dogge healwiis
Poeiermolke foar in kwartsje
Mei syn allen yn ‘e stjerrende kjeld omboartsje
Leave minsken, dit ferskynsel is net raar
Wy neame it oankrûperswaar
Mar dizze winter is alles hielendal oars
Eangst en panyk om in snotnoas
Ofstân hâlde, kâld en kjel
Gjin waarme krûp of tút, mar in útsichtleaze hel
Grouwélich benaud foar it ûnsichtbere gefaar
Dat is dochs gjin oankrûperswaar?
Mar der komt in dei en dan is alles wer goed
Dan krûp ik elkenien oan, sûnder noed
It libben wurdt wer in festiviteit
Sûnder lilkens, eangst en ûnwissichheid
Al ferruilje wy de winter foar in simmersk eksimplaar
Op dy dei is it wier oankrûperswaar
Ik yntrodusearje it wurd: goarrefrijdei.