Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Wêrom prate se gjin Platdútsk?

maart 3, 2021 21:45

Kollum

Okkerdeis siet ik yn in gearkomste fan allegear organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei it Nederdútsk. As “fertsjintwurdiger” fan it Sealterfrysk wie ik wat in frjemde ein yn it byt. Der wienen ek in pear fertsjintwurdigers fan it ûnderwiis by en it petear gong oer it ûntwikkeljen fan nij Nederdútsk materiaal foar skoallen yn Noard-Dútslân.

No tocht ik mei myn Fryske ûnderfiningen dat de fiertaal op sa’n gearkomste wol Nederdútsk wêze soe. Of dat tocht ik net iensen, ik tocht der net oer nei, ik naam it as fanselssprekkendheid oan. As de Ried fan de Fryske Beweging mei de Afûk en de provinsje en in pear skoalbestjoeren oer it Frysk op skoalle praat, dan kin dêr wolris ien by wêze dy’t Hollânsk praat, mar ik wol net leauwe dat elkenien him ferbrekke soe. En ek yn Dútslân wie ik fan bygelyks Deenske organisaasjes net wend dat de minsken har ferbrutsen.

Yn dy gearkomste wie dat al sa. Ik fûn it in wûndere situaasje. Mar om’t ik nij yn it fermidden wie, woe ik net mei de klompen yn it spul komme. Dat, ik ha allinne mar harke en betocht wat ik fan de ideeën foar it Sealterfrysk brûke koe. Nei ôfrin frege ik lykwols oan ien fan ‘e kollega’s wêrom’t der allinne mar Heechdútsk praat waard. Ommers, as men it sels yn sa’n fermidden mei dy minsken net koe, hoe soe men oaren der dan fan oertsjûgje kinne dat it foardielen hat om Nederdútsk te learen?

De kollega wie it folslein mei my iens. Hy sei dat de fiertaal ynearsten al Nederdútsk west hie, mar dat der fan ‘e ûnderwiisminsken guon wienen dy’t net alles ferstienen en dat oaren nei de safolste fraach om in oersetting sa linkendewei op it Heechdútsk oergongen wienen. De goede wil waard noch wol wat sjen litten troch it wolkomswurdsje yn it Nederdútsk te dwaan en út en troch in koart grapke yn dy taal te meitsjen, mar neat serieus. De wurklist en it ferslach wienen ek al yn de lânstaal. De kollega en ik ha no ôfpraat dat wy it oars dwaan sille. Foar him is dat maklik, Nederdútsk is syn memmetaal. Foar my is Heechdútsk makliker om te praten as Nederdútsk, mar ik sil it al sa goed mooglik dwaan. En oars Frysk.

maart 3, 2021 21:45
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. W. maart 4, 09:36

    Do beskriuwst it Nederdútsk as ien taal. De ferskillen binne bytiden grut. Guon sprekkers fan it Eastfrysk Plat sjogge harren taal net as ûnderdiel fan it Nederdútsk.

    Hjirûnder stiet ek wêrom:
    https://www.jungfraeiske-maeinskup.frl/archiv/

    Wat ik fan guon East-Friezen heard haw… Nei it easten en westen ta is der sprake fan in dialektkontinuüm. Nei it easten ta feroaret de taal flugger as nei it westen ta (ôfsjoen fan de ynfloed fan de standerttaal). De East-Friezen sjogge gjin hurde taalgrins tusken it Grinslanner Plat en it East-Frysk Plat. Nei it suden ta fiele guon East-Friezen wol in hurde taalgrins. Ek guon Iemslanners sizze dat se dy East-Friezen amper ferstean kinne.

  2. Henk Wolf maart 4, 11:10

    De wrâld besteit fanâlds út sokke kontinuüms. It idee dat men talen telle kin, bestiet pas in pear hûndert jier en it ûntstien mei it ûntwerpen fan (faak nasjonale) standerttalen.

    Yn sa’n kontinuüm fynst tusken doarpen altyd ferskillen, de eine kear wat grutter as de oare: de saneamde isoglossebondels. Oft men wjerskanten sa’n isoglossebondel fan in oare taal prate kin, is in saak dêr’tst oer diskusjearje kinst. Faak spylje by de kar fan de sprekkers ek oare kriteariums mei as allinne de waarnimbere ferskillen.

    Oft men it Nederdútsk as “ien taal” sjen kin, is gjin maklike kwestje en minsken jouwe op dy fraach heel ferskillende antwurden. Yn it fermidden dêr’t ik yn siet, wie “it aktyf wêzen foar it Nederdútsk” lykwols de binende faktor – it wie de reden dat wy byinoar sieten, East-Friezen sawol as minsken út it noarden, easten en westen fan Nedersaksen. Yn dat fermidden waard, nettsjinsteande de dialektferskillen, de ienheid sterker beklamme as it ferskaat – al kaam dat ek oan ‘e oarder.

    Myn yndruk wie ek net dat it ferskaat binnen it Nederdútsk (no ynklusyf de East-Fryske fariëteiten) in fersteanberheidsprobleem joech. It wie foaral dat de minderheid fan Heechdútskpraters it Nederdútsk net ferstie.

    Dat hat fansels foar in grut part mei taalwil te krijen en taalwil is foar in part in kulturele kwestje. Yn Noarwegen, ja, sels yn it gebiet dat Noarwegen en Sweden omfettet, is it gauris in earekwestje dat elk syn eigen dialekt prate kin en dat oaren dat fersteane. Oan ‘e oare kant fan ‘e skaal fine jo Nederlânske televyzjeprogramma’s dy’t Nederlânsk pratende minsken mei in lichte noardlike, eastlike of súdlike tongfal ûndertitelje.

    Soms sjochst beide utersten yn itselde kultuergebiet. Beweegde Noardfriezen meitsje der gjin probleem fan as de iene Fering en de oare Mooring praat, wylst in soad ‘gewoane’ Noardfriezen beare dat alle oare dialekten o sa fan harres ferskille.

    Sels mei it Westerlauwerske Frysk en it Sealterfrysk fernim ik beide hâldingen. De iene seit dat de ferskillen o sa grut binne, in oare seit dat se sterk opinoar lykje en dat de sprekkers inoar goed fersteane.

  3. Hidde maart 6, 21:49

    @W.

    There is no hard language border south of the Grunnegs-Oostfreesk group. Even South-Oldenburgish doesn’t differ that much in phonemes from East-Frisian. I speak a Dutch Low Saxon dialect and can understand East-Frisian fine, does that mean that we speak the same language? No offcourse not, East-Frisian differs from other variants of Low Saxon but the similarities with the surrounding variants are so big that you can speak of a Low Saxon language area, which still is a dialect continuum.

    One thing do all Low Saxon speakers have in common, and that is that they think that in the next town 5 km away they speak a ‘totally different dialect/variant/language’. If you ask what those ‘extremely big’ differences are they say that we say wark and the next town says waark…

  4. W. maart 8, 09:54

    @Hidde, the East-Frisians just have their opinion and you have a different opinion. I think it is up to the East-Frisians to decide which side they are on.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.