Hegeskoallen yn april wer iepen

maart 23, 2021 19:36
Foto: Unsplash

De universiteiten en hegeskoallen yn Nederlân meie wer iepen. Fan 26 april ôf meie se studinten ien dei wyks wer yn har gebouwen kolleezje jaan. Fan alle ûnderwiisfoarmen hat it heger ûnderwiis it langste ticht west, by in protte stúdzjes hawwe de dosinten har studinten al in jier net mear sjoen.

Fierder wurdt it begjin fan de jûnsklok fan njoggen oere nei tsien oere jûns opskood. Dat wol sizze dat men nei dy tiid net mear bûtendoar wêze mei, útsein op it eigen hiem. De nije begjintiid jildt fan nije wike woansdei ôf.

maart 23, 2021 19:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.