Hear, lit my jo ezel wêze

maart 28, 2021 07:00

Oertinking

Biskop Dom Helder Camara bidde op in kear: “Kristus, lit my jo ezel wêze.” Dat rekke my djip, doe’t ik dat foar ’t earst lies.

Wat soe it goed wêze as alle tsjerken mei-inoar, har dat gebed eigen makken. Jo en ik meie de pak-ezel wêze, om alles dêr’t Jezus foar stie, nei de minsken te bringen. Ta de djipste kearn fan Jezus syn boadskip heart, dat Er yn ’e hûd fan de ‘minsten fan de minskebern’ (Lieteboek 561: 3) krûpt.
Wat wy yn ús tiid oan dy minsten dogge, dat dogge wy oan Kristus. Troch syn ezel as ambulânse te brûken, wurdt de barmhertige Samaritaan sels de pak-ezel fan wat Jezus bedoelt.
Sa komme by jo en my al dy ienfâldigen oan ’e doar, dy’t rinne wolle mei kollektebussen en listen foar goede doelen. Wy sjogge mantelsoargers fol tawijing dwaande foar har meiminsken. Yn rampgebieten rinne ‘dokters sûnder grinzen’, yn opfangtehuzen jitte frijwilligers kofje yn foar ferslaafden, aidspasjinten libje mei in ‘buddy’ (maat) nei de ein, en gean samar troch.
Sy allegearre binne de ezels dy’t ‘Jezus’ by de minsken bringt.

Der binne fan dy teksten dy’t it hert fan it evangeelje ûnder wurden bringe. Filippiërs 2 is sa’n tekst en fers fiif is de kearn. Dêr wurdt ús taroppen om fan itselde betinken te wêzen as Kristus Jezus. En wat dat ynhâldt, lêze wy yn de fersen dy’t folgje.
Kristus klamme Him net fêst oan syn heech komôf.
Hy woe tsjinstfeint wêze, minske mei de minsken.
As wy Him neifolgje, dan sille wy yn needrigens de oare trefliker achtsje as ússels. Dan tinke wy net allinne om eigen belangen mar ek om dy fan oaren.

Lêze: Filippiërs 2:1-11

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maart 28, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.