Hardershûnen Biden út Wite Hûs wei nei bytynsidint

maart 9, 2021 08:54

De twa hardershûnen fan de Amerikaanske presidint Joe Biden moatte út it Wite Hûs wei, mei’t ien fan de hûnen agressyf is foar it personiel oer. De hûnen, Champ en Major, binne oerbrocht nei it hûs fan de Amerikaanske presidint yn syn thússteat Delaware.

Foto: pixabay.com

Neffens CNN biet Major, dy’t trije jier âld is, in befeiliger fan it Wite Hûs. Hoe’t it mei him giet, is net bekend. Meiwurkers sizze tsjin CNN dat de hûn harren faker lestichfalt mei blaffen, springen en oanfallen. Champ, dy’t al trettjin is, hâlt him rêstiger.

It is ûndúdlik oft de ferhuzing permanint of tydlik is. De hûnen ferbliuwe ek yn Delaware as de Bidens bygelyks op reis binne.

maart 9, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.