Gâns mear poppen berne yn Fryslân nei earste tichtplicht

maart 27, 2021 08:51

Njoggen moanne nei de earste tichtplichtperioade wie yn Fryslân ôfrûne desimber en jannewaris in bertestiging fan 7,8% neffens in jier earder. Dat is de sterkste stiging fan alle Nederlânske provinsjes. Yn totaal waarden yn twa moanne tiid 978 Fryske koroanapoppen berne. Dat docht bliken út ûndersyk fan MiniMe.nl nei de gefolgen fan de tichtplicht op it tal berten yn Nederlân.

Foto: pixabay.com

Meastal soarget in krisis foar in (tydlike) dip yn it tal berten en nimt dat pas ta nei ôfrin fan de krisis. De koroanakrisis is dêr in útsûndering op, nei alle gedachten trochdat de tichtplicht derfoar soarge dat spantsjes mear tiid thús mei-inoar trochbrochten.

Ferdûbeling berten yn Harns en op Skylge
Yn it grutste part fan de Fryske gemeenten naam it tal berten ta. Foaral yn Harns (+ 106,3%) en op Skylge (+ 100%) wie it ferskil grut: in ferdûbeling neffens in jier earder. Yn Tytsjerksteradiel naam it tal berten it sterkst ôf, mei 34,7%. Op Skiermûntseach en Flylân waarden gjin poppen berne yn desimber en jannewaris, wylst ferline jier yn beide gemeenten ien bern op ’e wrâld kaam.

Yn Seelân ek in protte poppen
Njonken Fryslân wie ek yn Seelân sprake fan in protte berten (+ 7,3%). Yn tichter befolke provinsjes lykas Utert (- 2,9%) en Súd-Hollân (- 2,1%) wie just sprake fan minder berten.

Undersyksopset
Om te efterheljen wat de ynfloed is fan de tichtplichtmaatregels op it tal berten, binne bertedata fan it CBS analysearre op lanlik, provinsjaal en gemeentlik nivo. Op basis dêrfan binne konklúzjes lutsen oer it effekt fan de tichtplicht op berte-oantallen en oer de ferskillen yn de regio’s.

maart 27, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.