Fyfde edysje Grinzer Museumnacht op sneon 11 septimber 2021

maart 18, 2021 08:57 Fernijd

Dit jier is de fyfde edysje fan de Grinzer Museumnacht. De musea pakke dêrom spetterjend út mei ûnder mear keunst, muzyk, foarstellingen en dûns. De Museumnacht is op sneon 11 septimber.

Ofbylding: Groninger Museum

De Museumnacht lûkt in jong publyk: de trochsneed âldens is tusken 20 en 35 jier. Der komme jierliks ek in protte bûtenlânske studinten op de jûn fol keunst, kultuer en gesellichheid ôf. De Grinzer Museumnacht is in mienskiplik inisjatyf fan it Grinzer Museum, it Noardlik Skipfeartmuseum, GRID Grafisch Museum, Storyworld en it Universiteitsmuseum Grins.

Krekt as ferline jier hâldt de organisaasje rekken mei koroanamaatregels, sûnder dat it op kosten giet fan de sfear en belibbing. Mei muzykoptredens yn yntime setting, foarstellingen yn de bûtenlucht en gesellichheid is de Museumnacht ek dit jier foar in protte minsken wat om nei út te sjen.

Mear ynformaasje oer it programma en de kaartferkeap folget. Folgje @GroningerMuseumNacht op Instagram foar nijs en programmaynformaasje.

maart 18, 2021 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.