Fûgelwacht Grou siket dronepiloaten om nêsten op te spoaren

maart 11, 2021 08:18

Grou – Ferline jier hat it bûn fan Fryske fûgelwachten BFVW in stik of wat drones mei in waarmtekamera oantúgd om dy yn te setten foar it opspoaren fan nêsten. Yn it gebiet fan Fûgelwacht Grou is ek in pear kear in drone ynset. No’t de earste ljippen al wer in aai lein ha, sil de Grouster fûgelwacht wer oan ’e slach om mei in drone nêsten te sykjen.

Drone. Foto © Fûgelwacht Grou

Foar it fleanen mei in drone moat men in fleanbrevet ha. Bonne Bruinsma fan Fûgelwacht Grou fertelt dat se yn it Grouster wachtgebiet ien dronepiloat hawwe, mar dat der op syn minst ien by moat. Der wurde dêrom minsken socht dy’t dronepiloat wurde wolle.

As mei in drone in nêst lokalisearre is moat der in neisoarger hinne om it nêst te markearjen. Neisoargers bliuwt dus ek hieltyd ferlet fan.

It sykjen mei in drone hat it foardiel dat as it plak fan it nêst bekend is, der net mear in protte yn it lân omrûn wurde hoecht, wat by it klassike aaisykjen wol it gefal is. Dêrtroch wurde minder (rook)spoaren makke dêr’t de predatoaren gebrûk fan meitsje.

Wa’t it wol wat liket om dronepiloat te wurden kin in mail nei info@fugelwachtgrou.nl stjoere of mei Bonne Bruinsma, 06 1976 2962 skilje. Wa’t ien wit dy’t der faaks wol belangstelling foar hat, wurdt frege om dan dy namme troch te jaan.

De nije kandidaten geane mei Geert Baar, de piloat dy’t al in brevet hat, oan ’e slach.

Dronefleaner yn aksje. Foto © Fûgelwacht Grou

maart 11, 2021 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.