Fryslân set yn op ynnovaasje en ynklusiviteit yn de sport

maart 10, 2021 11:04

Foto SKS Starum © Tom Coehoorn

Fryslân is in provinsje mei hert foar sport en dêr binne wy grutsk op. It Fryske lânskip nûget út om te bewegen. In soad ferieningen en frijwilligers meitsje sporten en trainen mooglik. Om derfoar te soargjen dat ûntwikkelingen yn de sport hieltyd trochgeane en sporten foar elkenien berikber te meitsjen set de provinsje Fryslân mei it nije sportbelied ekstra yn op ynnovaasje en ynklusiviteit. Foar beide tema’s wurdt in sportfûns opset. Op 26 maaie beprate Provinsjale Steaten de nije beliedsnota Sport ‘Altyd Priis’.

Deputearre Sander de Rouwe: “De koroana-pandemy hat ús sjen litten hoe wichtich oft sûnens is. Mear as ea sjogge wy dat minsken hurdrinne, fytse en kuierje. Wy wolle dat sport foar elkenien berikber is en dat talint him ûntwikkelje kin. Sport draacht by oan ús sûnens en ús lok: altyd priis dus.”

Grutskens en ferbûnens
De ferbûnens mei-inoar, derby wêze wolle, it sosjale elemint. It is allegearre fan grutte wearde. Oft it no giet om de Alvestêdetocht, de PC yn Frjentsjer of de finaledei fan it skûtsjesilen, op sa’n dei fielt Fryslân foar Friezen as it sintrum fan de wrâld, dêr’t men sels ûnderdiel fan is. Emoasje, grutskens en ferbûnens komme byinoar en dat jout in grut gefoel fan ienriedigens, oft men op in poadium stiet, meidocht of oaren oanmoediget. Dat makket dat it foar elkenien yn Fryslân op sportgebiet ‘Altyd Priis’ is.

It nije sportbelied fan de provinsje Fryslân hjit dan ek ‘Altyd Priis’ en hat as haaddoel: In fitale mienskip, dêr’t elkenien yn Fryslân alle dagen mei nocht en wille yn sporte en bewege kin. Fryslân as brede en bysûndere sportprovinsje, as sportregio fan Europa. Yn ’e mande mei alderhande oanbelangjende partijen wol de provinsje syn ynwenners graach noch entûsjaster meitsje foar sport, berikke dat elkenien mei sport meidwaan kin en inkelde sporten oer de hiele wrâld as (top)sport op de kaart sette.

Geregeld bewege en sporte draacht by oan in sûn en lokkich libben foar jong en âld. Mei sûn iten en drinken is dat wichtich foar ús kwaliteit fan libjen. Dêrmei is sport in wichtige boustien foar Fryslân as Bloei Sône.

maart 10, 2021 11:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.