Fryslân op ien nei goedkeapste provinsje om hûs te keapjen

maart 23, 2021 09:11

Yn Fryslân is de wearde fan in hûs yn trochsneed 260.000 euro. De provinsje is dêrmei de op ien nei goedkeapste wat wenningwearden oangiet. De lanlike trochsneed komt del op 326.000 euro de wenning. De foardielichste Fryske wenten binne te finen yn de wyk Heechterp & Skieringen yn de gemeente Ljouwert. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer oan ’e hân fan huzeprizedata fan Jumba.

Ofbylding: pixabay.com

Allinnich yn Grinslân binne wenten goedkeaper
Inkeld yn Grinslân binne de wentewearden leger as yn Fryslân. Dêr hoecht men nammentlik yn trochsneed ‘mar’ 228.000 euro del te lizzen foar in hûs. Yn Limburch (260.500 euro), Drinte (261.000 euro) en Seelân (267.000 euro) binne huzen ek relatyf goedkeap.

Goedkeapste wiken yn gemeente Ljouwert
De fiif goedkeapste wiken fan Fryslân binne allegear yn de gemeente Ljouwert te finen. Mei in trochsneed wearde fan 128.000 euro is Heechterp & Skieringen de foardielichste wyk om in hûs te keapjen. Yn de binnenstêd fan Ljouwert (156.000 euro) en de Ljouwerter wiken Ald-East (157.000 euro), Nijlân & De Swette (163.000 euro) en Potmargesône (169.000 euro) binne de wenningwearden ek relatyf leech.

De djoerste Fryske wenten binne te finen yn Broek yn de gemeente De Fryske Marren: de trochsneed wearde fan in hûs leit dêr op 702.000 euro.

Foar de tsien goedkeapste wiken moat men 41.000 euro fertsjinje
Yndepender rekkene út wat men likernôch fertsjinje moat om in hypoteek te krijen foar de goedkeapste en djoerste wiken. Marga Lankreijer is hypoteekekspert by Independer: “Fansels is in maksimale hypoteek fan ferskate faktoaren ôfhinklik, mar derfan útgeande dat de trochsneed merkwearde yn de tsien goedkeapste wiken 186.500 euro is, moat jins jierynkommen 41.000 euro bruto wêze.”

By wa’t wenje wol yn de Apollobuert yn Amsterdam, dêr’t de trochsneed wearde op ien miljoen euro leit, moat op it jierôfskrift in bruto bedrach fan 179.500 stean.

Wolle jo de prizen yn de ferskate wiken op in kaart sjen? Sjoch dan hjir.

maart 23, 2021 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.