Fryslân DOK ‘Skriezelibben’ – fan aai oant trekfûgel

maart 11, 2021 08:57 Fernijd

Filmer Herman Zeilstra makke de Fryslân DOK ‘Skriezelibben’ oer it fjildûndersyk nei hoe’t skriezen trekke. Hy krige de kâns om de jonge skriezen, fan aai oant útfleanen en it weromkommen, fan hiel tichtby te filmjen. De dokumintêre wurdt útstjoerd op 13 maart by NPO2 en op 14 maart by Omrop Fryslân.

Jelle Loonstra en Mo Verhoeven (foto: Omrop Fryslân)

Hoe witte trekfûgels wêr’t se hinne fleane moatte? Sit dy wittenskip ‘yn de genen’, of is soks oanleard? Yn 2015 begûnen de jonge biologen Jelle Loonstra en Mo Verhoeven mei harren promoasjeûndersyk nei it trekken fan de skries. Sy joegen filmregisseur Herman Zeilstra tastimming om it ûndersyk te filmjen.

Briedmasine
De ûndersikers lieten yn 2015 en 2016 twa kear fjirtich skrieze-aaien útbriede yn de briedmasine. Dêrnei brochten Loonstra, Verhoeven en harren meistudinten de jonge skriezen yn finzenskip grut. De bisten krigen in lyts stjoerderke op ‘e rêch. De helte fan de fûgels waard loslitten yn Poalen, de oare helte yn Súdwest-Fryslân.
Herman Zeilstra lei it libben fan de jonge skriezen, fan aai oant pyk oant folwoeksen fûgel, fan tichtby mei syn kamera fêst. De bylden fan de krekt út it aai krûpte pykjes dy’t útgroeie ta nijsgjirrige, selsstannige fûgels binne like ynformatyf as oandwaanlik.

Mei oare fûgels gean
Skriezen oerwinterje yn Afrika en Súd-Europa en komme foar it briedseizoen werom nei de grûn dêr’t se út it aai kamen. De fûgels dy’t út Poalen wei nei it suden fleagen, blieken de rûtes oan te hâlden dy’t Poalske skriezen brûke, oer Italië en de Balkan. De fûgels dy’t yn Fryslân frijlitten wiene, lutsen oer Frankryk en Spanje, lykas de oare Nederlânske skriezen.
Sa toanden Loonstra en Verhoeven oan dat trekrûtes net foarprogrammearre binne, mar de fûgels har tinklik liede litte troch soartgenoaten of troch oare trekfûgels. Leard dus, net oanberne. En soms kieze se ûnderweis sels efkes in eigen ôfslach.

Foto: Omrop Fryslân

Skok
Yn desimber 2020 promovearren Jelle Loonstra en Mo Verhoeven op de resultaten fan dit skrieze-ûndersyk oan de Ryksuniversiteit Grins. It team stie ûnder lieding fan de Fryske heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma. Yn 2014 waard de Spinoza Premie takend oan Piersma, dêr’t in grut part fan it ûndersyk mei finansiere waard. De konklúzjes komme as in skok foar trekfûgelûndersikers, omdat de measten fan harren tinke dat de wize fan trekken oanberne is. It wurk lit ek sjen hoe’t skriezen en oare greidefûgels by steat binne om har oan te passen oan ferskate feroarings, salang’t der mar geskikte biotopen oanwêzich bliuwe.

Fryslân DOK: ‘Skriezelibben’
Sneon 13 maart, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 14 maart 13.10)
Snein 14 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

maart 11, 2021 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.