Fryslân DOK: ‘It doarp fan de takomst’

maart 19, 2021 08:52 Fernijd

Diel 5 fan de searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’

In protte minsken wolle neat leaver as yn in doarp wenje. Hoe kinst dy tûzenen doarpen op it plattelân de bêste takomst jaan? Diel 5 fan de searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’ wurdt útstjoerd op sneon 20 maart by NPO2 en op snein 21 maart by Omrop Fryslân.

Detailplan Feanwâlden (foto: Omrop Fryslân)

Yn de searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’ siket Fryslân DOK minsken op dy’t in nij ferhaal skriuwe foar de takomst fan it plattelân. It giet om inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, mar wol op basis fan grutte ideeën en idealen. Nei eardere ôfleveringen oer lânskip, natuer, lânbou en sûnens, giet it yn ôflevering 5 oer ‘it doarp fan de takomst’.

Ryksboumaster Floris Alkemade (foto: Omrop Fryslân)

De krêft fan it doarp
Ryksboumaster Floris Alkemade is derfan oertsjûge dat it plattelân in wichtige rol spilet yn fernijing, by krúsjale tema’s as enerzjy, lânbou, ynfrastruktuer en it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte. Alkemade leaut yn de krêft fan doarpen. Hy neamt se ideale mienskippen, dêr’t minsken yn libje en yn lytse ferbannen inoar stypje en rekken hâlde mei inoars belangen.

Feanwâlden en it doarp fan de takomst
In doarp dat hurd oan ‘e gong is mei fersterking en fernijing is Feanwâlden. Troch de oanlis fan de nije ‘Sintrale As’ waard de dyk dy’t dwers troch it doarp rint oerstallich. Op it frijkommen terrein komt gjin oare dyk en ek gjin huzen, mar in park-eftich transfearium, dêr’t reizgjen, rekreëarjen en flekswurkjen mei-inoar ferbûn wurde. Feanwâlden wurket dêrby gear mei arsjitekteburo Karres en Brands, dat yn Denemarken mei-ûntwerper is fan ‘it doarp fan de takomst’: in hiel nij boud doarp dat foldocht oan alle moderne ynsichten fan kwaliteit fan libjen yn in doarp.

Jaap Koen Bijma (foto: Omrop Fryslân)

Inisjatyfkunde
Mar gean as doarp foaral net sitten te wachtsjen op in grut plan fan bûten of in aardich inisjatyf fan in ambisjeuze wethâlder; doch it séls. Dat seit Jaap Koen Bijma, bepleiter fan it begryp ‘inisjatyfkunde’. Bijma helpt doarpen om sels inisjativen te nimmen en derfoar te soargjen dat se ek útfierd wurde kinne.

Fryslân DOK Beklimmers fan it flakke lân – diel 5 ‘It doarp fan de takomst’
Sneon 20 maart, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 21 maart 13.10 oere)
Snein 21 maart,17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

maart 19, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.