Fryslân DOK: De passy fan Abbegea

maart 25, 2021 08:51 Fernijd

Koaren en orkesten repetearje alle jierren yn maart foar de Matthäus Passion. Mar troch koroana bliuwt it opnij stil. Efter de skermen wurdt lykwols wurke oan in nije Fryske Passy, dy’t takomme jier yn premjêre gean sil. In folslein nij stik, skreaun troch Eppie Dam en op muzyk set troch dirigint Gerben van der Veen. Yn 2016 wie dyselde dirigint belutsen by in bysûndere útfiering fan de Matthäus Passion. De Fryslân DOK dêroer, ‘De passy fan Abbegea’, wurdt útstjoerd op 27 maart by NPO2 en op 28 maart by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Op 3 april 1942 waard yn it tsjerkje fan Abbegea de Matthäus Passion útfierd troch in lyts doarpskoar sûnder ûnderfining. It konsert waard fan grutte betsjutting foar de oanwêzigen en foar in lettere generaasje musisy. De âlden fan dirigint Gerben van der Veen songen yn 1942 beide yn it koar. It stik soe it muzikale hert fan harren houlik en húshâlding wurde.

In lytse mienskip, dy’t yn oarlochstiid de geast en krêft fynt om sa’n dreech Dútsk stik op te fieren; it sprekt Van der Veen sa ta de ferbylding dat er yn 2016 op syk giet nei de muzikale woartels fan syn famylje en himsels. Filmmakker Murk-Jaep van der Schaaf makke der in Fryslân DOK oer. It konsert yn de doarpstsjerke fan Abbegea wie in ûnderfining dy’t generaasjes letter noch trochklinkt yn syn famyljeskiednis en yn de rike koartradysje fan Fryslân.

Fryslân DOK: De passy van Abbega
Sneon 27 maart, 15.30 oere, NPO2
Snein 28 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Dizze Fryslân DOK is earder útstjoerd yn 2016.

Foto: Omrop Fryslân

maart 25, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.