Frysktalige parkearpleinen

maart 1, 2021 08:57

Ynstjoerd

Yn it Surhústerfean is rebûlje ûntstien oer de namme fan trije iepenbiere parkearplakken. Pleatslik Belang hie yn syn wiisheid Hollânsktalige nammen betocht, mar de gemeenteried fan Achtkarspelen hat yn stee dêrfan keazen foar de Frysktalige nammen Iisbaan-, Toubaan- en Suvelplein. Elkenien tefreden, soe men tinke en hielendal yn oerienstimming mei it strjitnammebelied fan de gemeente.

Mar nee, Pleatslik Belang akselet tsjin: “Zeer slordig”, seit foarsitter Freerk Windstra, dy’t himsels in ‘oprjochte Fries’ neamt. Hy is bang dat lju fan bûten Fryslân de parkearterreinen net mear fine kinne. It giet dan benammen om Grinslanners, nim ik oan. Mar Windstra, tinke jo no echt dat lju út it Westerkwartier (dêr’t nammers in protte Frysk praat wurdt) sa dom binne dat se bygelyks Iisbaanplein net begripe? Boppedat wit de TomTom wol ried mei de Fryske nammen, dat ik bin wier net bang dat guon Grinslanners oerenlang fertwivele yn it doarp omride oant se in ûns wage.

De diskusje docht my tinken oan de ferfrysking fan bygelyks de namme Wartena. Guon antyfriezen wiene doe bang dat Dútske toeristen by it plaknammeboerd Warten tinke soene dat se net fierder ride mochten…

Wêrom is de hear Wind net earlik en seit er gewoan dat er neat hawwe moat fan Fryske plaknammen? Ik skat lykwols de gemeenteriedsleden wizer yn as Pleatslik Belang en twivelje der net oan dat se de Feansters it rjocht gunne op Frysktalige parkearplakken!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

maart 1, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.