Fryske musea en ynstellingen krije skinking famylje Van Haersma Buma

maart 23, 2021 08:51

Dekema State (boarne: Frysk Museum)

Ferskate Fryske musea en erfgoedynstellingen hawwe in skinking krige út de erfenis fan B. en E. van Haersma Buma-van Werkum. It giet om it Frysk Museum, Frysk Fersetsmuseum, Keramykmuseum Prinsessehof, Frysk Skipfeart Museum, Frysk Lânboumuseum, Dekema State en de Aldheidkundige Feriening Warkums Erfskip. Tresoar krige bysûndere stikken út it famylje-argyf yn brûklien. Troch de skinking kinne dy ynstellingen harren kolleksjes útwreidzje en it Frysk erfgoed behâlde. De famylje hopet oaren te ynspirearjen om itselde te dwaan.

Oanlieding foar de skinking wie it ferstjerren fan mr. Bernhard van Haersma Buma (1932-2020), âld-boargemaster fan Warkum en Snits. Nei syn pensionearring hat er him foaral ynset foar de Fryske skiedskriuwing. Foar it Frysk Museum hat er ek fan grutte betsjutting west, omdat er altyd ree wie om te helpen mei ûndersyk nei kolleksje-ûnderdielen. Dêrneist wist er wichtich erfgoed foar Fryslân te behâlden of oan te tugen. Ut it hûs fan mr. Bernhard van Haersma Buma en syn frouw mr. drs. Elly van Haersma Buma-van Werkum (1933-2019) yn Ljouwert krigen ferskate Fryske musea en ynstellingen dy’t harren dierber wiene, de gelegenheid om objekten te selektearjen.

Frysk Museum en Frysk Fersetsmuseum

Frysk Museum (boarne: Frysk Museum)

It Frysk Museum krige in 17de-iuwsk servet, in mesheft út likernôch 1600-1620 en in learen portefúlke út 1775. It servet fan wyt linnen damast is weefd foar Douwe van Aylva en Lucia van Meckema. Mooglik giet it om in houliksgeskink fan de âlders fan de breid of brêgeman. It museum krige ek in briefiepener, mei in orizjineel sulveren mesheft mei foarstellingen deryn gravearre. De learen portefeuille wie eigendom fan Johan van Idsinga, waans namme yn gouden letters ûnder de klep stiet. It Frysk Fersetsmuseum krige ferkate dokuminten fan mr. Sybrand Marinus van Haersma Buma, de heit fan Bernhard. As boargemaster fan Wymbritseradiel kaam Van Haersma Buma iepentlik yn ferset tsjin de Dútske besetters troch it dragen fan in spjelde mei de byltenis fan Keningin Wilhelmina. Nei oanlieding dêrfan waard er arrestearre en opsletten yn it Hûs fan Bewar yn Skeveningen (Oranjehotel), Kamp Amersfoort en konsintraasjekamp Neuengamme (Dútslân), dêr’t er op 11 desimber 1942 ferstoar. De skinking bestiet ûnder mear út de brieven dy’t Van Haersma Buma skreau oan syn frou doe’t er finzen siet, en boartersguod en in hânskreaun befrijingsferslach fan soan Bernhard. De skonken objekten foarmje in hiel gaadlik startpunt foar it petear oer dilemma’s yn besettingstiid.

Prinsessehof

Prinsessehof (boarne: Frysk Museum)

Keramykmuseum Prinsessehof krige in porsleinen panne út Japan. Dy is makke yn de twadde helte fan de 17de iuw. Troch rebûlje yn Sina waard it foar it Westen dreger om dêr porslein te keapjen. De VOC besleat dêrom om bestellingen yn Japan te dwaan. Dat kostbere porslein foel goed by de Nederlanners yn ’e smaak. Op de panne is in rivierlânskip te sjen mei ferskate paviljoenen dy’t yn ’e bergen lizze, omjûn troch beammen.

Frysk Skipfeart Museum
Fan mr. Sybrand Marinus van Haersma Buma is ek de readkoperen molkamer mei in ôfbylding fan de ferneamde stoomboat C. Bosman. Nei de houliksreis mei syn frou Marca Eduarda van Heloma (1903-1996) waard it stel feestlik ûnthelle yn Starum, dêr’t Sybrand doe boargemaster wie. By oankomst krige it jonge pear in molkamer, makke troch koperslagger Klaas Dijkstra út Snits. Hy bylde op de blompot it Staverske stedhûs en de stoomboat C. Bosman ôf, dy’t tusken 1916 en 1956 de feartsjinst op Enkhuzen ûnderhold.

Frysk Lânboumuseum
It Frysk Lânboumuseum krige fjouwer objekten fan ierdewurk, ôfkomstich fan de pleats fan de famylje Castelein yn Wergea. It giet om in jirpelskaal, twa beslachkommen en in wettertsjettel.

Dekema State

Frysk Skipfeart Museum (foto: Frysk Museum)

Dekema State yn Jelsum krige ûnder mear in linnenparse, in doofpot en in Fryske sturtklok fan de famylje Van Haersma Buma-van Werkum. Hoewol’t Dekema State al hielendal ynrjochte is, binne alle skonken stikken in oanfolling op it gehiel, mei elk in eigen ferhaal. De objekten binne te bewûnderjen sadree’t de state wer iepen giet.

Warkums Erfskip
De Aldheidkundige Feriening Warkums Erfskip krige ûnder mear in lyts kleedsje, makke troch de nonnen fan it Sint Gertrudis Gesticht te Warkum, en in pear penningen.

Tresoar
Tresoar hat de boekekolleksje út de famyljestichting Buma yn brûklien krige. Dêryn sitte bysûndere wurken dy’t in goede oanfolling binne op de boekekolleksje fan Tresoar. Fierder wurde oare saken út it famylje-archyf yn brûklien jûn, lykas de resultaten fan de ûndersiken op genealogysk en histoarysk flak dy’t Bernhard en syn heit Sybrand yn ’e rin fan ’e jierren dien hawwe en de taspraken en lêzingen fan Bernhard van Haersma Buma. Neist ûndersiker by Tresoar wie hy ek jierrenlang aktyf as frijwilliger, foaral by it ûntsluten fan de âld-rjochterlike argiven fan Warkum.

maart 23, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.