Frysk Museum keapet portret Anna van Hannover, prinsesse fan Oranje

maart 10, 2021 08:46 Fernijd

It Frysk Museum hat in skilderij oankocht fan Bernardus Accama fia it feilinghûs Bonhams yn Londen. It giet om in portret fan Anna van Hannover út 1736, twa jier nei har houlik mei Willem Karel Hendrik Friso (Willem IV), prins fan Oranje.

‘Anna van Hannover’ fan Bernardus Accama (foto: Frysk Museum)

It doek toant de jonge Ingelske prinsesse as se noch mar krekt yn Ljouwert wennet. Fan 11 septimber ôf is it portret te sjen yn de útstalling Icons: topstikken út de National Portrait Gallery.

Anna van Hannover
Yn 1714 waard George I kening fan Grut-Brittannië. Mei syn soan, skoandochter en pakesizzers ferhuze er fan Hannover, dêr’t er karkening wie, nei Londen. Op syn trochreis troch Nederlân ûntfong Maria Louie van Hessen-Kassel it selskip op Paleis Het Loo. Beide famyljes fielden wol wat foar in takomstige houliksferbining tusken de ‘Hanoverians’ en de Oranje-Nassaus. It duorre noch in jiermannich oant Maria Louise offisjeel om de hân frege fan Anna, de âldste pakesizzer fan George I, foar har soan Willm IV. Yn 1734 wiene de ûnderhannelingen klear en boaske Anna van Hannover de stedhâlder fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen. Nei it houlik yn Londen wenne it pear yn Ljouwert en fan 1747 ôf yn De Haach.

Hofskilder
De Fryske Bernardus Accama skildere in protte foar it Fryske hof. It wurk, dat oankocht is mei stipe fan de BankGiro Lotterij, lit in jonge frou fan de Fryske stedhâlder sjen yn in reade jurk mei damasten bledmotyf en mei side fersiere kornetmûtse. It wie in drege perioade út har libben. Anna moast tige wenne oan de oergong fan metropoal Londen nei it rêstige Ljouwert en se krige yn datselde jier in dochter dy’t by de berte ferstoar.

Icons
Fan 11 septimber 2021 o/m 9 jannewaris 2022 lit it Frysk Museum de bekendste (sels)portretten sjen út de kolleksje fan de National Portrait Gallery yn Londen. Icons: topstikken út de National Portrait Gallery toant skilderijen, foto’s, bylden, printen en tekeningen fan bûtengewoane keunstners wrâldwiid, fan Peter Paul Rubens, Anthony van Dyck en Joshua Reynolds oant Andy Warhol en Marlene Dumas. Under de portrettearren binne wrâldferneamde ikoanen, fan Keninginne Elizabeth I en William Shakespeare oant Audrey Hepburn, David Beckham en Malala Yousafzai. De topkolleksje is foar ien kear yn Nederlân te bewûnderjen tanksij in grutte renovaasje fan it Ingelske museum.

maart 10, 2021 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.