Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal”

maart 5, 2021 22:06

Dawid Statnik (foto: Julia Nyca, Wikipedia, CC BY-SA 3.0)

De Nederlânske minister fan ynlânske saken sei it yn 2018 al tsjin de Friezen: yn Fryslân is it Fryskpraten in rjocht en it soe ek fanselssprekkend wêze moatte dat it dien wurdt. De Sorbyske organisaasje Domowina yn East-Dútslân sei it har ferline wike nei, mar dan foar it Sorbysk.

De oerheid en de skoallen kinne fan alles foar it Sorbysk dwaan, sa sei de foarsitter fan de Domowina, Dawid Statnik, mar de taal oereinhâlde moatte de sprekkers sels dwaan. Statnik laat sûnt ferline jier de Landesmedienanstalt, de organisaasje dy’t tafersjoch hâldt op de media yn de dielsteat Brandenburch. Fierder is er sûnt tsien jier foarsitter fan de Domowina, de organisaasje dy’t opkomt foar de belangen fan de likernôch sechtichtûzen minsken yn de súdeasthoeke fan Dútslân dy’t de minderheidstaal Sorbysk prate. Dy taal waard yn it ferline yn in grut part fan East-Dútslân praat.

Statnik lit dúdlik fernimme dat er neat ophat mei ‘geveltsje-sorbysk’. Hy seit: “Gearkomsten dêr’t allinne de begroeting en it ôfskied yn it Sorbsyk binne, binne net genôch. Elkenien dy’t Sorbysk prate kin, moat dêr ek de mooglikheid ta krije.”

As net alle minsken it Sorbysk ferstean kinne, dan moat de organisaasje foar tolken soargje, seit Statnik. Hy seit dat de konsekwinte lykberjochtiging fan it Sorbysk en it Dútsk in fanselssprekkend diel fan it deistich libben wêze moat.

Statnik makke fierder dúdlik dat er in grutte wurdearring hie foar de politike stipe dy’t de Sorben krije fan de oerheid. It Sorbysk wurdt praat yn twa Dútske dielsteaten, Brandenburch en Saksen, dy’t neffens de Domowina-foarsitter in protte foar syn taal betsjutte.

maart 5, 2021 22:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.