Foarriedige prognoaze: VVD 35 sitten, D66 twad mei 24

maart 18, 2021 09:53

De VVD hat by de Twadde Keamerferkiezingen fierwei de measte stimmen krige en komt mei 35 sitten yn de Twadde Keamer. D66 makket in flinke sprong en hellet 24 sitten. Dat docht bliken út in prognoaze fan de ferkiezingstsjinst fan it ANP, nei it tellen fan 88,5 persint fan de stimmen.

De Twadde Keamer (foto: Wikipedia/Husky – CC BY 4.0)

Bij1 like neffens de earste prognoaze fan ANP bûten de boat te fallen, mar neffens de lêste prognoaze hellet de partij fan Sylvana Simons ien sit. Forum voor Democratie kriget nei alle gedachten acht sitten en wurdt dêrmei grutter as GrienLinks, dat sân sitten kriget. De PVV wurdt de tredde partij mei santjin sitten. It CDA kriget fyftjin sitten yn de foarriedige prognoaze.

De opkomst by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2021 komt neffens de lêste exitpoll fan Ipsos út op in rûzing fan 82,6 persint fan de stimberjochtigen. Dat is ferlykber mei de opkomst fan fjouwer jier lyn.

Fryslân
Yn in soad Fryske gemeenten is de VVD de grutste partij wurden by de ferkiezingen. Fan de achttjin gemeenten yn ús provinsje kriget de partij fan Mark Rutte yn tolve de measte stimmen. It CDA is yn ’e noardeasthoeke de grutste partij en D66 wint yn Ljouwert en op Skiermûntseach.

Mear as tachticht persint fan de Fryske kiezers hat in stim útbrocht foar de Twadde Keamerferkiezingen. Dat is minder as fjouwer jier lyn. De opkomst wie no 80,4%. Yn 2017 wie dat 82,5%.

maart 18, 2021 09:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jehannes Elzinga maart 18, 21:31

    Ik fyn it spitich dat de FNP net meidien hat oan de Twadde Keamer ferkiezings. As BIJ1, BBB en 50Plus in sit helje kinne, hie dat de FNP ek slagje kinnen. As der in kiesdrompel ynfierd wurdt yn de takomst, wurdt de kâns de Twadde Keamer te heljen hieltyd lytser. De komst fan Hatamu de Hoop jout it Fryske lûd nije kânsen, mar fia de FNP hie noch moaier west.
    No’t we ús tsjintwurdiger (fia de OSF) yn de Earste Keamer kwyt binne, misse we de mooglikheid it FNP ús stim yn it parlemint hearre te litten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.