Foar Friezen, Drinten en Grinslanners is de lanlike polityk fier fuort, fijannich en ûnbekend

maart 10, 2021 12:20

Foto: Michael Fousert (Unsplash)

De politike ôfstân tusken Noard-Nederlân en De Haach is grut. Dat blykt út de resultaten fan in ûndersyk dat dien is yn opdracht fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe. It gie ûnder oaren oer de ferkiezingstema’s dy’t noarderlingen belangryk fine, oft se har fertsjintwurdige fiele yn De Haach en hoefolle Keamerleden oft se kenne dy’t út de eigen regio komme.

Net mear as 18 persint fan de ynwenners fan Fryslân, Drinte en Grinslân fielt him fertsjintwurdige troch polityk Den Haag, sa blykt út de enkête. Se fine dat regionale ûnderwerpen en tema’s dêr te min oan bod komme. Ien op de tsien minsken is wol tefreden mei de wize hoe’t de Twadde Keamer nei de regio sjocht. Grinslanners binne it negatyfst: fan harren is goed 60 persint ûntefreden. Yn Fryslân en Drinte giet dat om goed 40 persint. Grinslanners wize hieltyd op de problemen mei gaswinning, ierdskokken en skea.

Der is net folle oertsjûgjend fertrouwen yn de lanlike polityk. Trije fan de tsien Friezen, Drinten en Grinslanners is it iens mei de stelling ‘Ik heb vertrouwen in de landelijke politiek’. In tredde is it neidruklik ûniens mei de stelling, en seit planút ‘nee, ik heb geen vertrouwen in de landelijke politiek’. Faak hawwe minsken it gefoel dat Noard-Nederlân troch de lanlike polityk as in ‘wingewest’ sjoen wurdt, geskikt foar gaswinning, wynmûnen en sinneparken, mar fierder net. Minsken tinke dat de lanlike polityk him foaral ynspant foar de Rânestêd, en dat de noardlike provinsjes der mar wat by hingje. Ierdskokskea wurdt in protte neamd; de skeafergoeding komt mar net op gong, oft docht it der net ta yn de lanlike polityk.

In tredde fan ‘e Friezen, Drinten en Grinslanners wit net oft der genôch minsken út de eigen regio yn de Twadde Keamer sitte. Minder as ien op de tsien seit dat it genôch binne. Tagelyk tinkt in kwart fan de noarderlingen nei oer in stim op in kandidaat út de eigen regio. Mar se kenne se net. Op de fraach wa’t se by namme kenne, jout noch gjin 20 persint antwurd. En in protte fan dy antwurden binne gjin kandidaten út de regio, of binne net ferkiesber foar de Twadde Keamer. De net-noardlike politisy dy’t it faakst neamd binne, binne VVD-listlûker Mark Rutte en CDA-listlûker Wopke Hoekstra.

Boarne: Omrop Fryslân

maart 10, 2021 12:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.