FNP’er Soepboer: “Us regear is in rânestêdregear”

maart 23, 2021 19:42

“Us regear is in rânestêdregear en mei de útslaggen fan de ferkiezingen fan ferline wike is it der net better op wurden.” Dat seit Aant Jelle Soepboer, gemeenteriedslid foar de FNP yn Noardeast-Fryslân. Soepboer wol dat de FNP him ek yn ‘e lanlike polityk hearre lit.

De FNP’er die syn útspraak tsjin Omrop Fryslân. Hy fertelde dat er mei allegear partijen en organisaasjes praat oer mooglikheden om oer fjouwer jier oan ‘e Twadde Keamerferkiezingen mei te dwaan. Neffens him is der in partij nedich dy’t opkomt foar de belangen fan de provinsjes fier fan ‘e Rânestêd. It CDA hie earder dy funksje, mar dy tiid is neffens Soepboer foarby.

maart 23, 2021 19:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.