Ferkiezingsfrysk as stimstipe
Resint ferskynd
Mar leafst 37 partijen dogge mei oan de ferkiezingen; foar nei de oarloch is dat in rekôr. Soks smyt in protte wurk op foar wa’t in goed trochtochte kar meitsje wol. Frysktaligen wurde yntusken amper yn harren taal oansprutsen. Wa’t dat wichtich fynt, kin sa al maklik in grut tal partijen skrasse. En dan is der noch altyd kar fan grut oant lyts en fan rjochts nei lofts.
Yn gjin inkeld partijprogram wurdt yngien op de oanhâldende grutte krityk fan de Ried fan Europa op it taalbelied foar it Frysk: sjoch it rapport Tredde evaluaasjerapport ymplemintaasje Ramtferdrach yn Nederlân. Mar fjouwer partijen litte al sjen dat it harren tinken is mei it brûken fan it Frysk yn it maatskiplik ferkear, meidat se de taal brûke yn de kommunikaasje mei de kiezer. De VVD hat in wiidweidige Frysktalige gearfetting fan it partijprogram makke, GroenLinks hat in gearfetting fan it program yn it Frysk op syn webside set en de Partij voor de Dieren (PvdD) en de Boer Burger Beweging (BBB) hawwe harren program sels hielendal yn it Frysk oerset. De BBB behannelet it Frysk nammers net oars as streektalen, want it program wurdt allyksa oanbean yn it Nedersaksysk, Brabânsk, Siuwsk, Haachsk, Grinslânsk en West-Frysk. De PvdD docht dat yn it Ingelsk en yn Gebeartetaal. Oan de Fryske ferzje fan it BBB-program wurdt ûnderstek dien troch in protte taalflaters, benammen mei omdraaide tiidwurden, en dat fan de VVD is dêr likemin frij fan. Yn it program fan GroenLinks ropt de sin ‘learlingen fan alle basisskoallen yn Fryslân krije in sûn miel iten’ fernuvering op; as soe de tekst allinnich foar Frysktaligen yn Fryslân ornearre wêze.
De oanbelangjende programs binne hjir te finen:
210220 Frysk VP-VVD-2021-2025-Samenvatting-def 2
https://groenlinks.nl/verkiezingsprogramma/frysk
Verkiezingsprogramma-Partij-voor-de-Dieren-Tweede-Kamer-2021-Fries
BBB_Verkiezingsprogramma_Fries_Versie_250121
De opbou fan de partijprograms ferskilt en se binne sadwaande net sa ienfâldich te ferlykjen. Stimhelpen dogge dan fertuten, mar oars as de lêste ferkiezingen foar wetterskip, gemeente en provinsje binne dy der no mei de lanlike net yn it Frysk. De niisneamde partijen hawwe allegearre wol in aparte paragraaf oer de klimaatproblematyk. By ûndersyk troch I&O Research yn jannewaris die bliken dat 91 % fan de kiezers fynt dat it folgjende kabinet dêr mear oan dwaan moat. De beliedsdoelstellingen wurde net helle en it KNMI warskôge ferline wike noch dat, as we trochbuorkje lykas no, we it net oprêde en bliuw binnen de feilige grins fan oardel graad temperatuerstiging. Dat is dus in wichtich ûnderwerp, dat yn de ferkiezingskampanjes lykwols noch net in grutte rol spilet. Sadwaande dat It Nijs hjirre de klimaatparagrafen út de Frysktalige ferkiezingsprograms oernimt (letterlik, de taalflaters binne stean litten) om te ferlykjen.
De partijen binne oardere neffens ambysjes; dy mei de leechste earst.
De Boer Burger Beweging wol neffens syn partijprogram alles sûn meitsje, lykas it plattelân, de bisten, it wetter, de natuer, it iten, de boargers, it ûnderwiis, de ekonomy en de polityk. Under it kopke SÛN KLIMAAT stiet:
- Kearnenergy is in skjinne enerzjyboarne. Feilige kearnsintrales kinne wurde boud foar strukturele enerzjyproduksje sûnder ús prachtige lânskip te beynfloedzjen en sûnder ús enerzjynetwurk te feroarjen. Gjin CO2-útstjit en in goedkeap grûnstof. Nije techniken biede nije feilige ynsjoggen, ynklusyf kearnenerzjy.
- Minstens trije kearnsintrales moatte wurde boud.
- It lânskip is likefolle wurdich as it klimaat. D’r komme gjin sinnepanielen op it plattelân sa-lang’t d’r noch lege dakken en gebieten binne. Nije sinneparken wurde hifke oan ‘e “sinnel-jedder” of in fergelykber ramt foar beoardieling.
- Subsydzjes foar sinnepanielen wurde brûkt foar de ynstallaasje fan panielen op (bedriuws)dakken en lûdsbarriêres, ynstee fan op (lânbou)grûn.
- Nederlân hat mear dan 139.000 kilometer ferhurde diken. Der moat ûndersocht wurde oft lytse sinnepanielen kinne wurde ynstalleare yn fangrails. Op dizze manier wurdt lânskip-fersmoarging tsjinwurke en kin in soad griene enerzjy opwekt wurde.
- Grien ôffal wurdt net ferbaarnd yn biomassasintrales, mar brûkt om de boaiem te ferbet-terjen en de groei fan planten te befoarderjen.
- Inisjativen om fosfaat te generearjen út minsklike feces (feces en urine) wurde befoardere.
- Mear griene romten wurde yn stêden oanlein foar de rekreaasje en ûntspanning fan steds-bewenners. Dit is goed foar it klimaat en soarget foar minder hege temperatueren yn ‘e folsleine en drokke stêd.
De VVD strukturearret syn partijprogram neffens ûnderwerpen lykas Ekonomy & Oerheid, Wurk & Wissichheid, Underwiis & Frijheid, Folkssûnens & Soarch, Migraasje & Yntegraasje en hat ûnder it kopke Klimaat & Doursumens it folgjende yn it partijprogram opnommen:
De klimaatdiskusje is de lêste desennia ûnnedich polariseare. Untkenners stutsen de kop yn it sân troch de wittenskip te befreegjen as mei ‘alternative feiten’ te kommen, en drammers misbrûkten klimaatbelied as in ideologysk ynstrumint om minsken te betutteljen en in oare libbensstyl op te lizzen. Te lang binne grien en groei sjoen as tsjinstellingen, ek troch liberalen. Dit is lykwols in falske tsjinstregeling. Goed klimaatbelied kin ús duorsumer, wolfarrender en minder ôfhinklik meitsje fan ûnfrije lannen.
Oanpassing oan in duorsume ekonomy freget wol om ferstannich belied. It moat betelber bliuwe foar gewoane gesinnen en ûndernimmers, en der moat altyd elektrisiteit wêze. It is net ferstannich foar Nederlân om op ússels hege ambysjes te stellen. Dan riskearje wy ús ûndernimmers te beneidielen yn ferliking mei buorlannen en banen te ferliezen. Mar wy kinne ek net fuortrinne fan ferduorsuming. Oars reitsje ús ynnovative bedriuwen en ûndersyksynstellings efterop mei wichtige technologyen fan ‘e takomst. Dat kostet op lange termyn ek banen en wolfeart en is ek min foar it klimaat. Grien en groei moatte hân yn hân gean. Dit binne ús prioriteiten:
- Pragmatyske oplossingen om de útstjit fan broeikasgassen te ferminderjen, ekonomysk te groeien en jo libben safolle mooglik te libjen as jo wolle. Klimaatbelied is gjin ideology.
- Kearnsintrales yn Nederlân. Sûnder dizze CO2-neutrale foarm fan enerzjy kinne klimaatdoelen net berikt wurde. Wy bouwe kearnsintrales út it Groeifonds, sette ús yn foar it oanwizen fan kearnenerzjy as in duorsume enerzjyboarne yn Europa, en hâlde Borssele langer iepen.
- Legere belestingen op ‘e enerzjyrekken foar húshâldens en lytsferbrûkers, en hegere betellingen troch fersmoargjende yndustryen.
- Ferduorsuming fan it eigen hûs fiskaal ôflûkber meitsje foar it eigenwenningforfait.
- Neilibjen fan nasjonale en ynternasjonale klimaatôfspraken. As wy nasjonale doelstellings ek berikke mei betelberder as tûker techniken, kinne wy ôfwike fan ôfspraken en termynen.
Wylst de BBB amper ambysje toant en de VVD planút seit tuike-oan dwaan te wollen mei klimaatmaatregels, jout GroenLinks gâns in oer lûd. Groen Links ûnthjit de publike foarsjenningen te fersterkjen, wurk en ynkommen earlik te ferdielen, ien mienskip te bouwen en te stean foar ynternasjonale ferbûnens, mar as earste de klimaatkrisis fuortendaliks oan te pakken:
We roppe de klimaatneedtastân út. De tiid fan neat dwaan en allinne mar prate is foarby, it is tiid foar aksje. De ekonomy en de maatskippij moatte gau duorsumer. En de grutste fersmoargers betelje it meast. GrienLinks wol mear jild foar griene projekten en ideeën dy’t goed binne foar ús klimaat. Projekten en ideeën dy’t ek nochris 100.000 nije banen opsmite. Duorsume banen dy’t bestean bliuwe.
We moatte it opwaarmjen fan de ierde no keare. En noch mear natuerrampen en it útstjerren fan plante- en bistesoarten foarkomme. We moatte wurkje oan in sûne, bewenbere wrâld. Foar ússels. Mar ek foar ús bern. En foar de bern fan ús bern. GrienLinks kiest foar in griene takomst, foar in griene ierde.
- We ferminderje dêrom de útstjit fan broeikasgassen. En ferplichtsje bedriuwen om duorsum te wurkjen. Stjitte bedriuwen in soad skealike CO2 út? Dan betelje se ek folle mear belesting. Oer likernôch 25 jier is ús maatskippij sels hielendal klimaatneutraal. Dan bringt it meitsjen fan iten of produkten gjin skea mear ta oan it klimaat.
- We fiere staasjejild yn op blikjes en wynflessen. Plestik ferpakkingen recyclje we safolle mooglik. En we soargje derfoar datst hieltyd minder fergeze plestik bekers en bakjes krijst. Sa beskermje we de natuer troch omtoarkjend ôffal foar te kommen.
- Mear natuer is wichtich foar in sûn klimaat. We meitsje dêrom nije natuer; by de Waddenkust, it Oostvaarderswold en yn de Peel. Ek ferbine we besteande natuergebieten mei inoar; dat is goed foar planten en bisten.
- Mear grien soarget ek foar in skjinne lucht en in sûne leefomjouwing. We plantsje dêrom de kommende fjouwer jier 17 miljoen nije beammen: foar elke Nederlanner in nije beam.
- Der komt in Klimaatfûns fan 60 miljárd euro. Mei dat jild bouwe we oan in griene ekonomy. We helpe bygelyks bedriuwen mei goede ideeën foar griene enerzjy, opwekke út duorsume boarnen lykas sinne, wyn en wetter. Mei it jild bouwe we ek betelbere en duorsume wenningen. Dy komme net yn de natuer. Mar foaral op plakken dêr’t al boud is.
- We lizze snelfytspaden tusken gemeenten oan. En we ferbetterje it ferfier mei de bus en de trein. Der komt bygelyks in direkte treinferbining tusken Grins en de Rânestêd. En folle mear treinen tusken Nederlân en oare lannen yn Europa.
- Mei betelber en goed iepenbier ferfier is mear asfalt net nedich. We begjinne mei rekkeningriden: wat mear oft je ride, wat mear oft je betelje. Fleanen wurdt djoerder en mei de trein reizgje krekt goedkeaper.
- We pakke de klimaatkrisis ek oan mei duorsume lânbou. Dat is lânbou dy’t rekken hâldt mei de natuer. We helpe boeren – finansjeel – om wer biologysk, sûn en bistfreonlik te wurkjen. Mei de helte minder bisten as no. Sûnder it brûken fan gif of oare middels dy’t skealik binne foar it miljeu.
- Elkenien moat sûn ite kinne. We meitsje griente en fruit goedkeaper. En learlingen fan alle basisskoallen yn Fryslân krije in sûn miel iten.
De Partij voor de Dieren wol ta op in systeemferoaring om’t ekonomyske groei neffens de partij net de oplossing mar it probleem is en dan de bioferskaat- en klimaatkrisis yn gearhing oanpakke:
De belangrykste maatregel om de krisis te kearen is it lytser meitsjen fan ús ekologyske fuotprint. Dit freget om in alles omfiemjende oanpak: ien wêrby’t de bioferskaatsmaatregels kombinearre wurde mei klimaatplannen. Troch in duorsume feroaring yn ’e produksje fan iten, it ferminderjen fan it brûken fan enerzjy en in reduksje yn it brûken fan grûnstoffen, jouwe wy de natuer de kâns om better te wurden. Sa kinne wy genietsje fan mear natuer, in moaiere en skjinnere wenomjouwing, minder útstjit fan it ferkear en de lânbou, en mear sinfolle, griene wurkgelegenheid. Wy meitsje fan in min-min in win-win.
- De ferantwurdlikens foar it dierewolwêzen wurdt ûnderbrocht by in nij ministearje: it ministearje fan Folkssûnens, Sport en Dierewolwêzen.
- Der komt in ministearje foar Klimaat & Bioferskaat. Dit ministearje kriget deselde status as it ministearje fan Finânsjes: it belied fan oare ministearjes wurdt tenei op duorsumens toetst. It bewekket de natuer, bioferskaat, grûnstoffen en CO₂-budzjetten op sa’n wize dat de natuer better wurde kin.
- Nederlân leveret in maksimale ynspanning om de opwaarming fan ’e Ierde te beheinen ta in boppegrins fan 1,5 graad Celsius. Uterlik yn 2030 is Nederlân klimaatneutraal. Wy lizze de reduksjedoelstellings yn in nije Klimaatwet fêst. De loftfeart en skipfeart binne net langer útsûndere fan it beheljen fan ’e klimaatdoelen.
- Wat jin net oan enerzjy brûke, hoege je ek net op te wekjen. Dêrom sette wy fol yn op it besparjen fan enerzjy yn ’e lânbou, de yndustry, it ferfier en yn ’e beboude omjouwing. Yn 2030 brûkt Nederlând op syn minst 50% minder enerzjy. De transysje nei in enerzjy-sunige mienskip besparret net allinne kosten, mar soarget ek foar in soad griene wurkgelegenheid, bygelyks yn ’e bou, de enerzjysektor en yn it (technysk) ûnderwiis.
- It tal dieren yn ’e feehâlderij krimpt mei op syn minst 75%. Lânbougrûnen dy’t sa frijkomme, wurde oan de natuer weromjûn en der ûntstiet romte foar it bouwen fan wennings.
- Op syn minst de helte fan ’e koroanastipefûnsen wurdt oan ynvestearrings útjûn dy’t yn tsjinst stean fan natuer, miljeu, klimaat en duorsume, griene wurkgelegenheid.
- Der komt in ein oan ’e útsûnderingsposysje fan ’e fossile yndustry. De subsydzje foar de fossile yndustry wurdt ôfskaft. Wy ferminderje it brûken fan enerzjy en ynvestearje yn ’e ûntwikkeling fan duorsume enerzjyboarnen. Wy wolle ta nei in nije ekonomy binnen de draachkrêft fan ’e Ierde.
- Der komt in ferbod op it ferbrânen fan biomassa en fergisten fan dong foar de opwekking fan waarmte en elektrisiteit. Subsydzjes op biomassa wurde fuortendaliks ôfskaft.
- Nederlân kiest foar de needsaaklike krimp fan ’e loftfeart. Dat betsjut dat it tal fleanbewegings omdel giet nei maksimaal 300.000 per jier yn 2030.
- Maastricht Aachen Airport wreidet net fierder út. Fleanfjild Twinte en Lelystêd Airport sille net iepensteld wurde foar kommersjele flechten. Grins Airport Eelde en Rotterdam The Hague Airport slute.
- Nederlân wurket aktyf oan it befoarderjen fan betelbere, duorsume en flugge ynternasjonale treinferbinings.
- It Ynternasjonaal Strafhôf kriget de mooglikheid om bedriuwen of lannen dy’t skuld hawwe oan ekoside te ferfolgjen. Ekoside is in misdied wêrby’t ekosystemen ferlern gean troch fersom, skansearring of ferneatiging.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje