Ferkiezingen en Frustraasjes

maart 27, 2021 19:27

Ynstjoerd troch Frâns Kuipers

Gedonder
De ferkiezingen hawwe west, mar wy binne der noch lang net klear mei sjoen it gedonder dat der los komt oangeande in notysje oer CDA-lêstpost Pieter Omtzigt. ‘Funksje earne oars’, soe in goeie oplossing wêze, want Pieter byt him – krektlyk as Renske Leijten fan de SP – fêst yn swartlakke stikken fan de oerheid. Dat hawwe se mei ynmoed dien foar alle minsken dy’t yn de knipe kamen troch in stielhurde hâlding fan de oerheid op it mêd fan taslaggen foar berne-opfang. Der is safolle mis dat Pieter Omtzigt, twadde man fan it CDA, der in boek oer skreaun hat, mei as titel Een nieuw sociaal contract.

Ynset net beleanne
Ik kin my skoan foarstelle dat sawol it CDA as de SP derfan bale dat dy ynset om it falen fan de oerheid oan it ljocht te bringen, troch de kiezers net beleanne is. Beide partijen ferlieze sitten yn de Twadde Keamer. Neffens my docht it de measte minsken neat dat in hiele protte minsken slachtoffer wurden binne it bewâld fan troch Rutte-III. Berjochten en petearen oer dy ôfgryslike situaaasje binne wol aardich om rûchwei efkes yn ’e krante te lêzen of mei in gleske en in stikje tsiis of in skaaltsje sjips by Jinek of by Op1 te besjen en te beharkjen, mar dan hâldt it ek op. Telt it net by de fraach op wa te stimme?

Foarkarstimmen
Kiezers dy’t har wol bewust wiene fan dy ôfbraak fan fertrouwen, hawwe dat dúdlik makke troch op Pieter Omtzigt (342.000 x) en Renske Leijten (143.924 x) te stimmen. Mar dat holp harren partijen úteinlik net oan winst yn de Twadde Keamer en dus ek net oan Mear Macht yn de Twadde Keamer. It wurke just tsjin it CDA en de SP. Uterst rjochts profitearre it measte fan de púnheap fan de oerheid. Wilders en Baudet koene mar raak roppe en raze dat it ien grutte binde is by de oerheid. In hiel protte minsken stimden op dy partijen.

Swalkjende kiezers
Allegearre swalkjende kiezers dy’t gjin fertrouwen mear hawwe yn de gruttere bestjoerderspartijen, lykas it CDA en de PvdA. Wûnder boppe wûnder wit de VVD winst te meitsjen, lykas D66, mei in ‘op de tafel dûnsjende’ politika Kaag.

Rjochts wint
Benammen yn it trochgeans kristlik Noardeast Fryslân wint rjochts. It CDA is dêr noch wol de grutste bleaun, mar as dy partij net dúdliker mei goeide sosjaal-ekonomyske plannen foar de regio komt, kinne se it wol ferjitte. De monistysk ynstelde ‘gezagsgetrouwen’ moatte folle mear dualistyske polityk neistribje. Dan komt it wol wer goed, is myn foarsizzing. Fraksjedisipline op sêft sin sette. Kontrolearje de oerheid, is in earste taak. Macht en tsjinwicht binne nedich om goed te bestjoeren. Net te benaud.

Tsjinwicht

Pieter Omtzigt (foto: Wikipedia – publyk domein)

Sa lit Pieter Omtzigt sjen dat der yn Nederlân grutte problemen binne mei macht en tsjinwicht. De meganismen fan ‘e rjochtssteat funksjonearje net mear goed. Omtzigt pleitet foar in nij sosjaal kontrakt. Hy basearret dat op syn eigen ûnderfiningen yn ’e polityk. Dat is nedich om fertrouwen tusken regearing en boargers te reparearjen. Poeha, dit sil it CDA as partij, mar ek as keamerfraksje en as polityk lieder Wopke Hoekstra mar sein wurde ‘út eigen gelederen’. Pieter batst syn konklúzje rjocht yn it antlit fan VVD-premier Mark Rutte, dy’t it besiket fuort te poetsen. “Er wordt niet meer over gepraat, er zijn twee nieuwe verkenners aangesteld.” Kin Sigrid Kaag fan D66 mei har tinkwize oer Nij Liederskip sa’n oanfal út it CDA wol ferneare? Ik bin bang fan net. Wopke hat de kaai yn hannen. It CDA moat it oandoare om yn de folle breedte skjin skip te meitsjen. En fan Pieter bliuwe se ôf!

Tsjerkhôf
Nimmen wit wa’t it regele hat dat de oantekening oer ‘funksje earne oars foar Pieter Omtzigt’ op papier kaam te stean en ek dat it net tafalle sil om fierder mei Wopke Hoekstra, de man fan Mc. Kinsy, in man dêr’t Mark Rutte graach mei gearwurket. Dy twa hawwe mar in knypeach nedich om inoar te ferstean of oan te fielen. Kriget dit mûske noch in sturtsje of komt de wierheid op it tsjerkhôf te lizzen en wasket in elk har/syn hannen stikken?

maart 27, 2021 19:27
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Doeke Kuipers maart 28, 18:45

    Soe publiek tinke, wer’t reek is is ek fjoer en dearom de wurdearring efterwege lit…..?
    It tink dat Rutte sa net trochwol…..!!

  2. De Jong maart 30, 14:18

    As CDA en PvdA wat mear nei it folk lústerjen hiene, hie it lân der gâns oars út sjoen. It binne net de swalkjende kiezers, mar de arrogânsje fan de macht wêr dizze partijen oer stroffelje. Dan krije jo wiispraterij sûnder ynhâld. Sa as yn dit stikje.

  3. Abe maart 30, 16:08

    Wat bedoelt De Jong (watfoar De Jong) krekt mei ‘it folk’ dêr’t wy nei harkje moatte? De ynwenners fan Almere, de oanhing fan PVV en FvD, elkenien dy’t modaal of minder fertsjinnet, alle Nederlanners, it folk fan Urk, sis it mar. Wiispraterij sûnder ynhâld – dat is krekt dwaan as meitsje je eat dúdlik, wylst je neat dúdlik meitsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.