Feie Fonyk: Kanarje yn de myn

maart 4, 2021 17:55

Kollum

Op 31 desimber 1974 waard de lêste stienkoal by Heerlen út de grûn helle. De Oranje-Nassau gie ticht. Hynders giene al jierren net mear mei nei ûnderen. Tusken 1866 en 1938 waarden sa’n 140 hynders ynset om de ûndergrûnse karren te lûken. Ornaris seagen dy tsjien jier gjin deiljocht. It wiene net de iennige dieren. Langer ferlyn hong hjir en der in kouwe mei in kanarje. Sokke fûgeltsjes binne gefoeliger as minsken. As der ien dealei, dan wisten de mynwurkers dat der koalmonoksyde of metaan yn de myn wie en makken dan dat se fuortkamen.

Wy hawwe der de útdrukking ‘kanarje yn de koalemyn’ oan oerholden. Sy wurdt brûkt yn de betsjutting fan in warskôging fier foardat oaren yn ’e gaten hawwe dat der gefaar driget. Kanarie in de kolenmijn is de titel fan in nij tydskrift, dat dizze wike útkaam. It wurdt útjûn troch de Partij voor de Dieren. Dy politike partij kaam foar it earst yn de Twadde Keamer yn 2006. Se hawwe no fiif sitten yn de Twadde, trije yn de Earste Keamer en ien yn it Europeesk Parlemint. Der binne susterpartijen yn in tal Europeeske lannen lykas yn Dútslân de Partei Mensch Umwelt, de Partido Animalista yn Spanje en Animal Welfare yn Ingelân.

Der binne minsken dy’t tinke dat se in bysûndere posysje ynnimme yn de natuer en it diereryk. Net altyd, mar grif yn eardere tiden waard dat mei ynjûn troch de Bibel. Ommers: “Doe sei God: Lit ús minsken meitsje nei ús byld en gelikenis en lit dy hearskje oer de fisken yn ‘e see, oer de fûgels yn de loft, oer it fee en oer de hiele ierde en oer alles dat oer de grûn krûpt (…) en Hy sei tsjin har: Wês fruchtber en win oan yn tal” (Genesis 1: 26-27).

De oplossing sil komme moatte fan in wrâldwide politike beweging.

It minskdom hat der nei harke en ek dyjingen dy’t dat hiele ferhaal net kenne, hawwe harren bêst dien. Wy libje no mei in lytse acht miljard en wylst ik yn in trije kertier dizze kollum skriuw, komme der achttûzen by. As it sa trochgiet, komt it op ’e kop ferkeard. Der hoege jo gjin wittenskipper foar te wêzen. Kees van der Staaij fan de SGP sjocht der oars tsjinoan. Yn harren partijprogram hawwe se opnommen dat âlden by de berte fan it fjirde bern in bonus krije moatte om bygelyks in gruttere auto te keapjen. Foar my is soks in teken dat der sels minsken mei ferstân binne, dy’t ûnbegryplike stânpunten hawwe. Sokken as dy Van der Staaij tinke blykber dat de Heare Heare mei in oplossing komme sil.

De oplossing sil komme moatte fan in wrâldwide politike beweging op basis fan wittenskiplik ynsjoch. Yn Nederlân binne der gelokkich wat langer wat mear partijen dy’t ynsjogge dat der op koarte termyn wat barre moat. Nederlân is lyts. Dat hoecht gjin reden te wêzen om te tinken dat it allegearre gjin doel hat om te fjochtsjen foar it klimaat, tsjin oerbefolking en tsjin it idee dat ekonomyske groei needsaaklik is. De Partij voor de Dieren is lyts en dy hâldt der grif stânpunten op nei dêr’t net elkenien him yn fine kin. Dat jildt foar elke partij. Mar mei harren partijprogramma en harren nije tydskrift Kanarie in de kolenmijn drage se by oan it wolwêzen fan it sûchdier minske en al dy oare dieren. Sy warskôgen yn 2018 en al folle earder tsjin soönoazen, mar de “kanarje” hat Covid19 net tsjinhâlde kinnen.

maart 4, 2021 17:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.