Feie Fonyk: Hawwe dieren dan gjin rjochten?

maart 25, 2021 10:22

Kollum

Forum voor Democratie hat by de lêste ferkiezingen grif stimmen te tankjen oan hoe’t it oer de lockdown, de ‘tichtplicht’ tinkt. It is begryplik dat guon minsken mei in bedriuw keazen hawwe foar Baudet. Se binne benaud foar in fallisemint. Mar minken dy’t net op Forum stimden, hawwe der ek skjin genôch fan om ophokke thús te sitten. Minsken binne sosjale dieren en hawwe ferlet fan kontakt. Dochs is der in soad begryp foar de maatregels dy’t op 23 maart opnij nommen wurde moasten. It koe net oars. Ferwizing nei minskerjochten hie gjin doel.

Oant no ta kaam ik yn dit ferbân net tsjin wat minsken, sûnder derby nei tinken, bargen, hinnen, hynders, kij en kninen oandogge. Ik behein my ta de bargen. Lykas minsken binne dat sosjale dieren. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit hat as taak om te kontrolearjen oft elkenien him oan de wet hâldt. Dêr stiet yn dat bargen fan tusken de 50 en 85 kilo op syn minst 0,65 m² romte hawwe moatte. It seit himsels dat se wetter, foer en wat te boartsjen krije. De universiteit fan Wageningen hat wat dat lêste oangiet in brosjuere Hokverrijking voor varkens útjûn.

Miskien moatte wy de studinten dy’t it no sa swier hawwe, foarhâlde dat se yn ferliking mei dy bargen neat te kleien hawwe. As in studint in baarch fan mear as 85 kilo wie, hie er rjocht op 0,80 m². Bargen sitte har hiele libben ophokhe. Studinten kinne der aanst oant jûns tsien oere wer op út. Bargen soene al bliid wêze mei in pear kear tsien minuten deis.

Us hâlding foar dieren oer is foar in grut part ynjûn troch it idee dat wy oan de top fan de dierepiramide steane en dat de wrâld om ús draait. Ommers: “Doe sei God: Lit ús minsken meitsje nei ús byld en gelikenis en lit dy hearskje oer de fisken yn ’e see, oer de fûgels yn de loft, oer it fee en oer de hiele ierde en oer alles dat oer de ierde krûpt (…) en Hy sei tsjin har: Wês fruchtber en win oan yn tal. Meitsje de ierde fol en tsjinstber.” (Genesis 1: 26-28). Apart eins, al dy rjochten foar minsken, want yn in soad opsichten binne der oare dieren dy’t folle hurder rinne en folle sterker, sosjaler, gefoeliger of trouwer binne en dy’t net lykas minsken de ierde nei de bliksem helpe as is sa trochgiet as no.

Begjin mei in nije jiertelling.
Wy libje no yn it jier 162 nei Darwin.

Tiden feroarje. Charles Darwin makke yn 1859 yn syn On the origin of species dúdlik dat wy ús neat yntinke moatte. Wy binne dieren tusken alle oare dieren. De filosoof Paul Cliteur hat sadwaande ea it foarstel dien om by Darwin mei in nije jiertelling te begjinnen. Dan soene wy no libje yn it jier 162 nei Darwin. Yn 2001 skreau er Darwin, dier en recht. Undertusken hawwe wy yn Nederlân en yn tsien oare Europeeske lannen, bygelyks Dútslân en België, politike partijen ‘foar de dieren’.

Der binne in soad fraachtekens te setten by diererjochten. Der sil net ien te finen wêze dy’t alle dieren deselde rjochten jaan wol. Dat stelt sels in diere-aktivist as Peter Singer yn syn Animal liberation. On a new ethics on our treatment of animals út 1975 net foar.

Foto © Waling Bergsma

Fansels binne der flauwe fragen te betinken. Kinne dieren harren eigen rjochten soms ferdigenje? Nee, mar dat kinne bern ek net. Minsken dy’t no frjemd oansjogge tsjin diererjochten moatte har ris ferdjipje yn de skiednis. Slavernij waard yn 1863 ôfskaft. Yn Nederlân krigen froulju pas yn 1919 stimrjocht en se wiene yn in houlik net earder as yn 1957 juridysk selsstannich. Der is dus foarútgong op it mêd fan gelikense rjochten.

Soks fine wy no gewoan. Sa sil it ek gewoan wurde dat der wat langer wat mear omtinken komt foar it wolwêzen fan dieren. Dat sil der net ta liede dat alle bargen lykas op de foto holden wurde. Op 24 novimber 2019 liet Arjen Lubach yn in skokkend item sjen hoe’t bargen somtiden yn in slachterij ôfmakke wurde. Minsken dy’t derfan hâlde om út en troch fleis te iten, sille it der ek mei iens wêze dat der op it mêd fan rjochten fan dieren en plichten fan minsken noch in soad te winnen is.

maart 25, 2021 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.