Feie Fonyk: De steat hat net oeral in oplossing foar

maart 12, 2021 19:28

Foto © Aant Mulder

De besiker fan in popfestival dêr’t in orkaan oer taslein hat, freget de organisaasje wêrom’t se net in meteorolooch yn tsjinst hawwe. In Twadde Keamerlid easket dat der no einliks in ein komt oan pesterij op skoallen. It konsultaasjeburo oerfalt jonge âlden mei fragelisten, protokollen om risiko’s sa betiid mooglik yn kaart te bringen. En de boarger easket beskerming tsjin alle soarten fan tsjinslach. Sa begjint rûchwei De fatale staat fan Paul Frissen út 2013.

Minsken dy’t yn it ûnderwiis of de soarch wurkje, witte alles fan protokollen en it fêstlizzen fan wat se dogge. Se soene mei gemak hûndert of mear foarbylden jaan kinne. Se kinne der betiden wol gek fan wurde. Frissen freget him ôf wêrom’t wy net oanfurdzje kinne dat der fan alles mis is mei de wrâld en it libben.

Yn dizze koroanakrisis wurde ús politisy dei oan dei oansprutsen op wat der allegearre oars moat. It is noch in wûnder dat Hugo de Jonge en Mark Rutte net sizze dat se dermei ophâlde en dat it folk it fierder mar útsykje moat. Ik hear dus net by de hyena’s dy’t alle dagen opnij oars neat dogge as lêbje en eamelje oer ús regear. Fansels kin men fragen stelle by guon besluten. Frissen giet yn syn boek wiidweidich yn op de problematyk fan de steat dy’t tekoartsjitte soe. Yn it ljocht fan de kommende Twadde Keamerferkiezingen gean ik der fierder net op yn.

Wat moatte wy yn ’e frede mei 37 partijen.

Foar my leit de kandidatelist fan de ferkiezingen mei 37 partijen. De iene noch oerstalliger as de oare, mar se belove fan alles. Amearika mei twa partijen is it oare úterste, mar wat moatte wy yn ’e frede mei 37 partijen lykas Trots op Nederland, De Groenen, Partij voor de republiek en Jezus Leeft. Ik hie der nea fan heard en ik hoopje der nea wer fan te hearren. Dat leit oars by de partijen dy’t dizze hjerst it regear foarmje sille. De VVD mei it CDA en D66 lykje de grutste kâns te hawwen. Yn tiden fan gefaar folget it folk ommers de lieder, dus de VVD sil de grutste wurde.

Dat partijen yn de ferkiezingstiid fan alles tasizze is in probleem. Dat Nederlân oer it gehiel in goed organisearre lân is wol net sizze dat de steat of hokker politike partij dan ek oeral in oplossing foar hat. Dêr komt yn it koart it boek fan Frissen op del.

Just in de ôfrûne wiken hiene al dy partijen in moaie gelegenheid hân om oan it folk út te lizzen wat se allegearre net fan doel binne en wêr’t net foar soarge wurde kin. Se hiene boppedat maatregels oankundigje moatten dy’t sear dogge, want it is dúdlik dat de koroanakrisis en de problemen om ynfeksjes, ymmigraasje en it klimaat hinne net oplost wurde troch ferkiezingskletspraatsjes.

maart 12, 2021 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.